Measte Friezen wolle dat provinsje duorsume bedriuwen foarrang jout

Ek al kostet it mear jild, by oanbestegingen moat de provinsje duorsume bedriuwen foarrang jaan. Dat fynt in mearderheid fan de Friezen. De measte partijen dy't oare wike meidogge oan de Steateferkiezingen binne it der ek mei iens.
Sa'n 56 prosint fan de Friezen is it iens mei dy stelling, docht bliken út sifers fan it Kieskompas. Minder as in kwart fan de minsken (23 prosint) dy't it Kieskompas ynfolle ha, is it der net mei iens. De rest is neutraal of hat gjin miening.
Dizze wike sette de oanbesteging fan it Fryske busferfier útein. Ferfierders kinne har ynskriuwe foar in perioade fan tsien jier. De provinsje wol yn it gefal fan busferfier al langer dat dat 'skjin' gebeurt, dus sûnder útstjit. Dat soe dan wol tsientallen miljoenen kostje, sei doetiidsk deputearre Johannes Kramer yn 2018.
Grutte winst foar miljeu
De besparring oan de oare kant yn smoarge gassen yn de loft wie ek grut: as alle bussen útstjitleas ride, stiet dat gelyk oan 5700 persoane-auto's minder dy't elk jier 25.000 kilometer ride. De miljeuwinst is dus grut.
In mearderheid fan de Friezen fynt dat soks dus neifolging krije mei by mear oanbestegingen fan de provinsje. Dat docht bliken út sifers fan it Kieskompas, dy't oant no ta troch goed 56.000 Friezen ynfolle is.
Dit binne de partijstânpunten by ûndersteande stelling yn it Kieskompas:
"By oanbestegingen moat de provinsje duorsume bedriuwen foarrang jaan, ek as dit mear jild kostet"
Folslein mei iens: AWP, D66, Partij voor de Dieren, SP
Mei iens: ChristenUnie, 50Plus, VVD, PvdA, GrienLinks
Neutraal: CDA
Net mei iens: BBB, Provinciaal Belang Fryslân, FNP
Folslein net mei iens: JA21, BVNL, Forum voor Democratie, PVV
It Kieskompas wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan it Fonds Bijzondere Journalistieke Projecten.
Deselde stelling is ek kiezers yn Grinslân foarlein. Wat opfalt is dat de minsken dy't dêr it Kieskompas ynfolle ha, sawat itselde tinke oer de stelling. Dêr is 55 prosint it iens mei de stelling en 24 prosint net.
Under de Friezen binne benammen linkse stimmers it iens mei de stelling. Fan de minsken dy't yn it Kieskompas oanjouwe dat se takom wike GrienLinks stimme, is dat oandiel it heechst: fan harren wol 93 prosint duorsume bedriuwen foarrang jaan. Flak dêrnei komt de Partij voor de Dieren mei 90 prosint. Dat komt oerien mei it partijstânpunt.
Mar ek in mearderheid fan de minsken dy't takom wike FNP stimme sille is foar de stelling: 67 prosint. Dy ferskille dus fan miening mei de partij, want de FNP sels is it der net mei iens. Yn it partijprogramma stiet dat de FNP benammen ynsette wol op it lokaal ynkeapjen en dêrmei lokale ûndernimmers te stypjen.
De felste tsjinstanners tsjin it foarrang jaan oan duorsume bedriuwen, binne stimmers op Forum voor Democratie en PVV. Fan dy groepen is minder as in kwart it iens mei de stelling. Dat komt wol oerien mei it partijstânpunt, want beide partijen jouwe oan dat se it der folslein net mei iens binne.
De listlûkers fan VVD, FNP en JA21 geane jûn by Omrop Fryslân yn debat, ûnder oare oer de ekonomy. De spesjale útstjoering fan It Polytburo begjint om 17.30 oere.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.