'Boekenweekgedicht' Tsead Bruinja yntusken oerset nei allegearre talen en dialekten

Tsead Bruinja © ANP
Fryske skriuwer Tsead Bruinja brocht dit jier foar it earst it Boekenweekgedicht út yn it Nederlânsk én it Frysk. Op ynternet binne minsken mei it gedicht 'Anders ben ik met jou' / 'Oars bin ik mei dy' fan de eardere Dichter des Vaterlands oan de slach gong.
Yntusken is it gedicht te lêzen en beharkjen yn ferskate talen en dialekten. It begûn doe't Bruinja syn kollega Guillaume Pool in oersetting fan it gedicht yn it Sranan (Suriname) op Facebook pleatste. Dêrop besleat Bruinja in oprop te dwaan foar oersettingen yn streektalen, dialekten en oare talen.
It gedicht is yntusken oerset yn it Twintsk, Grinslânsk, Drintsk en Afrikaansk. Oersettingen nei oare streektalen dy't yn Nederlân praat wurde, lykas it Limboarchsk, Stellingswerfsk en it Biltsk komme der ek.
It Boekenweekgedicht fan Tsead Bruinja © Tsead Bruinja
"As it goed is, kin elke lêzer aanst yn de taal dy't syn of har heit en mem mei him prate dit gedicht foarlêze oan in leafste", seit Bruinja. "Want de leafde giet ek troch mage en troch it ear!"

Mear oersettingen

Der wurdt op it stuit wurke oan oersettingen fan it Boekenweekgedicht nei it Japansk, Berbersk, Siuwsk, Kollumerpompstersk en it Papiamintsk. Bruinja hopet op noch mear oersettingen yn oare talen en dialekten.