Steateferkiezingen: kom yn de kunde mei de listlûkers JA21, VVD en FNP

Maarten Goudzwaard (JA21), Avine Fokkens (VVD), Sijbe Knol (FNP) © Omrop Fryslân
Dizze wike stiet by Omrop Fryslân yn it ramt fan fiif debatten, wêryn't de listlûkers fan alle partijen delkomme dy't oare wike meidogge oan de Steateferkiezingen..
Hjoed is it fjirde debat, mei dêryn JA21, VVD en FNP. De listlûkers fan dy trije partijen stelle harsels hjirûnder foar en jouwe alfêst antwurd op in tal fragen.
De debatten binne fan moandei oant en mei freed om 17.30 oere te sjen op telefyzje en online, de presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker en Eric Ennema.
Listlûker Avine Fokkens fan de VVD © Omrop Fryslân

VVD: Avine Fokkens, 51 jier, Ljouwert

Watfoar dossier sjogge jo as grutste útdaging foar de kommende fjouwer jier, en wêrom?
"Energie, omdat het ons allemaal raakt. Van betaalbaarheid tot beschikbaarheid ervan. De energietransitie vraagt hele belangrijke beslissingen die ook de vrijheden en eigen beïnvloedingsmogelijkheden van burgers kunnen raken.
We verduurzamen in rap tempo, maar we zien ondertussen dat de stroomnetten verstopt raken en dat we de opgewekte duurzame energie niet altijd kunnen opslaan voor toekomstig gebruik. Dit maakt nu al dat investeringen vertragen of mislukken.
Als we niet verder willen vertragen, zijn grote investeringen en creativiteit een absolute must. Daarnaast is het zaak om minder energie te verbruiken. Wat niet wordt verbruikt, hoeft ook niet te worden opgewekt en opgeslagen."
Wat ha Provinsjale Steaten de ôfrûne fjouwer jier goed dien?
"Provinciale Staten hebben veel dingen goed gedaan. Kijkend naar de toekomst van Fryslân en de leefbaarheid is de Lelylijn - dé snelle spoorverbinding tussen het Noorden en de Randstad - een hele belangrijke.
In september 2020 hebben Provinciale Staten - uitgezonderd de PVV - de Lelylijn toegevoegd aan de provinciale omgevingsvisie en daarmee uitgesproken de realisatie van de Lelylijn belangrijk te vinden."
Wat just net?
"De provincie geeft geld uit aan wettelijke taken, kerntaken en aan zaken die bijvoorbeeld bijdragen aan de brede welvaart. Over de vraag op welke onderdelen de provincie nu wel of juist niet moet inzetten en hoeveel geld zij daaraan wil besteden, is onvoldoende debat geweest."
Wêrom moat Fryslân op 15 maart nei de stimbus?
"Stemmen is een waardevol recht dat helaas niet overal in de wereld een vanzelfsprekendheid is. Maak gebruik van dat recht. Door je stem uit te brengen heb je invloed op het beleid en bestuur van de provincie en geef je richting aan de toekomst van je provincie."
En wêrom soenen we op jo partij stimme moatte?
"Vanwege ons liberaal mensbeeld, waarbij wij ruimte geven aan mensen om in vrijheid de dingen te doen die ze willen. Uiteraard gepaard gaande met de verantwoordelijkheid die daarbij hoort. Wij zetten in op zaken die bijdragen aan de leefbaarheid van Fryslân. Voor nu, maar vooral ook voor later.
Bij de keuzes die we maken, speelt dan ook de vraag hoe wij Fryslân door willen geven aan toekomstige generaties, zodat ook zij kunnen wonen in it bêste lân fan d'ierde."
Mei hokker partij soenen jo it leafst yn in koälysje stappe?
"Wij willen met alle partijen de coalitieonderhandelingen aangaan. We werken uiteraard het liefst samen met die partijen waarmee wij ons verkiezingsprogramma zo goed mogelijk kunnen uitvoeren. Wie dat zijn, zal moeten blijken tijdens de onderhandelingen."
Hokker partij stiet it fierst fan jim ôf?
"Op basis van het huidige verkiezingsprogramma staat Forum voor Democratie het verst van ons af. Maar wellicht dat tijdens de coalitieonderhandelingen blijkt dat samenwerking met FvD voldoende basis biedt om onze standpunten en ambities te realiseren."
Listlûker Sijbe Knol fan de FNP © Omrop Fryslân

FNP: Sijbe Knol, 32 jier, Sint Anne

Watfoar dossier sjogge jo as grutste útdaging foar de kommende fjouwer jier, en wêrom?
"Wy sjogge in tanimmende striid om de romte. De diskusje oer de Lelyline mei tsientûzenen wenningen is dêr in foarbyld fan. De FNP is gjin foarstanner. Wy wurdearje de romte om ús hinne en it lânskip. Us goud. It sil saak wurde dat yn alle wenplakken yn Fryslân boud wurde sil nei aard, skaal en karakter mei in goed berikber plattelân, in ryk ferieningslibben en in sterke mienskip. Foar in leefber Fryslân. In Fryslân dat útgiet fan har krêft."
Wat ha Provinsjale Steaten de ôfrûne fjouwer jier goed dien?
"De ôfrûne jierren hat de provinsje wer in soad jild ynvestearre yn de leefberens-saken yn Fryslân. It Iepen Mienskipsfûns wurke wer as in wiere oanjager. Doarpshûzen, wyksintra, MFA's; oeral yn Fryslân komme je se tsjintwurdich tsjin. De húskeamers yn de doarpen en stêden. Dêr binne wy as FNP Fryslân tige grutsk op."
Wat just net?
"Ek Fryslân ûntkomt net oan de polarisaasjegolf dy't op it stuit troch de wrâld lûkt. In pear kear stienen ek yn Provinsjale Steaten de minsken mei de koppen tsjinoer elkoar. Soks is net altyd reklame foar it oansjen fan de polityk. Mar oer it generaal komme de partijen ek wer by elkoar. Dat moat ek."
Wêrom moat Fryslân op 15 maart nei de stimbus?
"De provinsje giet oer tal fan saken lykas it romtlik belied, wêr komme huzen? Wêr wekke wy ús enerzjy op en wat dogge wy mei taal en kultuer? It is goed dat minsken har stim hearre litte en net allinnich op 15 maart, mar ek dêrnei. "
En wêrom soenen we op jo partij stimme moatte?
"Ik fyn it wichtiger dát minsken te stimmen geane. Sjoch de partijprogramma's nei, befreegje partijen en stim. Fansels it leafst op myn eigen FNP.
Gean dan mei ús de slach om de romte oan. Gjin Lelyline mei tsientûzenen wenningen yn it Fryske lânskip, mar wentebou nei aard, skaal en karakter foar ús jongeren en âlderein, mei in goed berikber plattelân. In sterke mienskip en in ryk ferieningslibben. Wurdearring foar ús lânskip, ús romte, ús goud. Stim foar Fryslân, (fansels) FNP."
Mei hokker partij soenen jo it leafst yn in koälysje stappe?
"Wy binne gjin partij fan ekstremen. Dat mei de measte partijen dy't net as bûtenspilers fungearje hjir soe in gearwurking mooglik wêze. Mar eintsjebeslút binne it de kiezers dy't op 15 maart sprekke sille en de rjochting jaan sille."
Hokker partij stiet it fierst fan jim ôf?
"Dat binne de partijen oan de bûtenkant fan it politike fjild. De antwurden op fraachstikken lizze net yn de ekstremen."
Listlûker Maarten Goudzwaard fan JA21 © Omrop Fryslân

JA21: Maarten Goudzwaard, 43 jier, Ljouwert

Watfoar dossier sjogge jo as grutste útdaging foar de kommende fjouwer jier, en wêrom?
"It stikstofdossier. Mei de hjoeddeistige stikstofregels is gewoanwei net te wurkjen. Rjochters helje ferskate fergunningen foar bou- en lânbouprojekten ûnderút. Dat komt omdat rjochters toetse op de regels fan de wet. De polityk is dus oan set om de wetjouwing oan te passen.
It is mar de fraach oft CDA, VVD, D66 en de partijen op de linkerflank ree binne om dize mooglikheden echt te ûndersykjen. JA21 hat nammentlik mei BBB in stikstofplan oppere. Wy kinne ús lân befrijde út dizze stikstofkrisis, mar dêrfoar is in konstruktive hâlding fan de earder neamde partijen needsaaklik."
Wat ha Provinsjale Steaten de ôfrûne fjouwer jier goed dien?
"Provinsjale Steaten ha dizze moasjes fan JA21 oannaam: soargje dat de Fryske wenningbou gjin hinder ûnderfynt fan de startnotysje Landschap, gjin fruchtbere lânbougrûn opofferje oan natuer en de Fryske easken oangeande stikstof ta it absolute minimum te beheinen. Dat wienen ferstannige aksjes."
Wat just net?
"Provinsjale Steaten ha net genôch gearwurkje kind om de koälysje in gat troch de noas te boarjen mei it útrôljen fan dy ôfgryslike sinnegreiden. Dat hat der úteinlik ta laat dat tsientallen bedriuwen net útwreidzje kinne omdat it net oerbelêst rekke is troch de 'wiebelstroom' dy't dizze sinnegreiden produsearje."
Wêrom moat Fryslân op 15 maart nei de stimbus?
"Omdat it de ferkearde kant opgiet mei ús provinsje en it lân. Dizze regearing stoart ús yn rekôrtempo yn krisis nei krisis. De keapkrêft ferdampt foar ús eagen, der is in skreauwend tekoart oan wenningen, it ymmigraasjemodel is totaal fallyt en stikstof set alle ekonomyske aktiviteiten op slot."
En wêrom soenen we op jo partij stimme moatte?
"Fryslân fertsjinnet in fatsoenlike rjochtse partij mei konstruktive oplossingen. Dat is JA21. Wy leauwe net yn wynturbines en sinnegreiden, mar yn lytsskalige modulêre reaktoaren. Wy wolle Fryslân en de rest fan ús lân befrijde út de stikstofklem mei ús reparaasjewet en rom baan jaan oan ús wenningbou. We achtsje de kâns lyts dat partijen gearwurkje wolle mei FvD en PVV, dêrom betsjut in stim op dizze rjochtse partijen automatysk in linkse koälysje. JA21 jout boargers it Juste Alternatyf."
Mei hokker partij soenen jo it leafst yn in koälysje stappe?
"Wy wolle net op de saken foarútrinne: earst is it oan de kiezers om har út te sprekken oer wat sy wolle."
Hokker partij stiet it fierst fan jim ôf?
"Dat is GrienLinks. Dizze partij wurket oan it ôfbrekken fan ús wolfeart foar ûnmjitbere resultaten oangeande it klimaat. Dat fine wy tige ûnferstannich. JA21 stiet foar mear realisme yn de polityk."
Dizze wike komme we mei alle listlûkers yn de kunde:
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.