Tongersdei gjin Arriva-treinen yn Fryslân, bussen ride wol

Treinen fan Arriva © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Der ride tongersdei gjin treinen fan Arriva yn Fryslân. Ek de treinen tusken Ljouwert en Grins ride net. It ferfiersbedriuw lit witte dat bussen wol neffens de tsjinstregeling ride.
Krekt as tiisdei hawwe de stakingen effekt op it treinferkear. Foar tongersdei koe de ferfierder mei de minsken dy't net stake gjin tsjinstregeling rûn krije. Yn Grinslân ride guon treinen wol, tusken Grins en Ljouwert ride se lykwols net.