Gjin stipe by PvdA en GL foar besunigingen op kultuer, FvD wol kritysk sjen

Albert van Dijk (Forum voor Democratie), Edou Hamstra (PvdA) en Charda Kuipers (GrienLinks) © Omrop Fryslân
Wenningbou, stikstof, kultuerbesunigingen: op alle ûnderwerpen dy't oan bod kamen yn it tredde ferkiezingsdebat fan Omrop Fryslân, steane PvdA en GrienLinks oan de iene kant en Forum voor Democratie oan de oare kant withoefier útinoar.
De twa linkse partijen, dy't lanlik yn in stevige gearwurking sitte, binne it faak oer de tema's iens. Dochs stelle se yn Fryslân wol oare prioriteiten.
Dat waard woansdei dúdlik yn it tredde telefyzjedebat yn oanrin nei de Provinsjale Steateferkiezingen fan 15 maart. Oant en mei freed komme alle santjin partijen del.
De folsleine útstjoering fan it twadde ferkiezingsdebat is hjir werom te sjen.
In pear moannen lyn wie in mearderheid fan Provinsjale Steaten noch foar in besuniging fan 1,6 miljoen euro op taal en kultuer yn Fryslân. No't de ferkiezingen deroan komme, wolle de measte partijen dat dochs tsjinhâlde.
PvdA en GrienLinks fine it wichtich dat de provinsje ynvestearjen bliuwt yn kultuer yn Fryslân. Dêr't de PvdA beklammet dat benammen de Fryske taal en kultuer belangryk is, fynt GrienLinks just dat de provinsje iepenstean moat foar allegear soarten kultuer. "Je moet je ook openstellen voor het onbekende, dat is het mooie aan cultuur", seit Charda Kuipers (GL).
Forum voor Democratie fynt dat der yn Fryske taal en sport ynvestearre wurde moat: "De kultuer dy't ús ferbynt, is wat ús Frysk makket." Oer keunst tinkt listlûker Albert van Dijk oars: "Ik fyn dat we net besunigje moatte op it Fryske eigen, mar de mienskip moat gjin jild útjaan oan keunstners."
Edou Hamstra leit út wêrom't de PvdA net op kultuer besunigje wol:
Moat de provinsje besunigje op kultuer?
Edou Hamstra fan de PvdA beneamt de ferbinende rol fan kultuer yn de provinsje: "Ien fan de grutste problemen no is yndividualisearring yn de mienskip. Alles wat ferbinen is, is Frysk, dat is ús identiteit. Litte we net besunigje op wat ús ferbynt."
GrienLinks wol hoe dan ek dat de besunigingsplannen fan tafel geane. "Bezuinigen worden gedaan zonder te kijken naar het effect ervan. Dat vind ik geen goede basis. We moeten onze keuzes baseren op wat we belangrijk vinden", seit Kuipers.
Van Dijk fynt it benammen goed dat der oer besunigingen neitocht wurdt. "We meie bêst ris kritysk sjen nei it budzjet fan de provinsje. Mei dizze diskusje komt dat moai op gong."

Wenningneed

Eigen ynwenners earst, fynt Forum voor Democratie as it giet om it rjocht op wenningen yn de provinsje. "Dat is belangryk foar de libbenens en it mienskipsgefoel yn de doarpen. De Hollanners en minsken fan oare plakken wachtsje mar even", fynt Albert van Dijk.
Edou Hamstra fan de PvdA wol dat jongerein yn har eigen doarp wenjen bliuwe kinne. "Mar der moat gjin stek om Fryslân hinne", seit se. "Wol moatte we bot ynvestearje yn sosjale hierwenningen."
Moat de provinsje gemeenten twinge om foldwaande sosjale hier te bouwen?
Wat moat de rol foar de provinsje wêze by wenningbou?
Dêr is Kuipers it mei iens. "De reden dat mensen niet in hun dorp kunnen blijven wonen is niet omdat iemand anders een huis heeft weggekocht: er zijn gewoon te weinig huizen. Iedereen moet wonen waar hij wil wonen en waar hij zich thuis voelt, of je er geboren bent of niet. Het belangrijkste is dat er plek komt, nu zijn er sowieso te weinig huizen in Fryslân."

Rol foar de provinsje by huzebou?

Alle partijen fine dat der genôch huzen komme moatte, mar de wize wêrop is punt fan diskusje. Want wa moat bepale hoefolle huzen oft der komme moatte, wêr't se komme en yn watfoar priisklasse? De provinsje soe gemeenten twinge kinne om oan guon betingsten te foldwaan.
Forum voor Democratie fynt dat dêr yn alle gefallen gjin taak foar de provinsje weilein is: "Minsken moatte út de doarpen wei inisjatyf nimme, sy witte wêr't boud wurde kin", fynt Van Dijk. "Ik wurd altyd in bytsje allergysk fan twang. It foech moat by de gemeente bliuwe."
GrienLinks-listlûker Kuipers fynt just wol dat de provinsje in rol spylje kin. "Ik weet niet of de provincie moet dwingen, maar het gaat wel over onze inwoners, ook over onze jongeren. Als provincie moeten we ervoor zorgen dat er genoeg sociale huur is, juist omdat je dan voldoet aan een behoefte."
Hamstra is it mei har iens. "Der binne in soad gemeenten dy't it allinnich net rêde, dy ha just ferlet fan in sintrale funksje. De provinsje moat dêr safolle mooglik stimulearje en stjoere. We moatte de gemeenten helpe."

Stikstof

Ek oer de oanpak fan de stikstofproblematyk koenen links en rjochts it net iens wurde yn dit debat. Forum voor Democratie fynt dat de provinsje har fersette moat tsjin it lanlike belied. Van Dijk tinkt dat der benammen te folle Natura 2000-gebieten binne. "We moatte derop oantrúnje dat we dy gebieten oars oanwize. Sterker noch: we moatte derfan of."
Dat fynt Hamstra (PvdA) te maklik. "Partijen sizze no 'it moat fan de wet'. Mar nee, we wolle de natuer rêde én in better takomstperspektyf foar de boer."
Forum, PvdA en GrienLinks beprate de oanpak fan de stikstofproblematyk:
Hoe komt Nederlân út de stikstofproblematyk? Forum, PvdA en GrienLinks yn diskusje
Se pleitet foar in oar fertsjinmodel foar de boeren: "Dan betelje we de boere foar it lânskipsbehear, it behâld fan greidefûgels en wetterbehear. Dat is in takomstperspektyf."
Kuipers beklammet dat der fierder sjoen wurde moat as de stikstofproblematyk. "Het allergrootste probleem is dat de biodiversiteit verloren gaat. Daar moeten wij wat aan doen, dat is de toekomst van ons allemaal, of je nou boer bent of burger."
Tongersdei is it fjirde ferkiezingsdebat fan Omrop Fryslân. Dan binne de listlûkers fan VVD, FNP en JA21 te gast.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.