It finansierjen fan eigen busferfier troch mbû-skoalle Firda wurdt hieltyd dreger

In bus fan Firda © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De stakingen yn it iepenbier ferfier begjinne hieltyd mear te knipen yn it mbû yn Fryslân. De nije fúzjeskoalle Firda, ûntstien út ROC Friese Poort en it Friesland College, lit op dit stuit noch sels 18 bussen ride, mar finansjeel wurdt it hieltyd dreger om dat fol te hâlden.
Woansdei rieden de bussen fan Dalstra Reizen troch Fryslân om de mbû-studinten op skoalle te krijen. Dit barde ôfrûne moandei ek al, en oankommende freed sil dit wer nedich wêze. Sa'n 600 studinten meitsje hjir yn trochsneed gebrûk fan.

Priiskaartsje

Dêr hinget hjir wol in priiskaartsje oan. "Je moatte rekkenje dat it ûngefear 20 euro kostet de studint om ien hinne en werom te bringen. Dat giet om sa'n tsientûzen euro deis", seit it eardere CDA-Keamerlid en no direkteur marketing en kommunikaasje fan Firda, Harry van der Molen.
Neffens him wie der noch sjoen nei de mooglikheid om oanspraak te meitsjen op in pot fan it Ryk dy't bedoeld is om ûnderwiisefterstannen foar te kommen, ek nei oanlieding fan de coronakrisis. De situaasje fan de skoalle bliek dêr dochs net hielendal oan te foldwaan. Sadwaande moat Firda sels opdraaie foar de kosten fan it ferfier.
Hoelang't dit finansjeel noch helber is foar de mbû-skoalle, is noch ûnwis. "De bedraggen rinne wol op. De diskusje wurdt al yngewikkelder as doe't we in pear wike lyn hjirmei úteinsetten", lit Van der Molen witte.

Leaver gjin online ûnderwiis

Mocht it dochs dreech wurde om it eigen busferfier fasilitearje te bliuwen, wurdt de studinten fersocht sels ferfier te regeljen. Wêr't dit net kin, sil it ûnderwiis ek online oanbean wurde, wat no ek al beheind barde. Dit is lykwols net winsklik neffens de direkteur "want by in mbû-oplieding hast in hiel soad praktykfakken en dat kinst net efter in laptop dwaan thús."
Van der Molen hat noch ien oprop foar de partijen dy't yn ûnderhanneling binne "Gean sa rap mooglik wer mei-inoar oan tafel, it begjin fan de oplossing is mei-inoar prate."
Hy hopet dat der ek foar de meiwurkers en studinten fan de skoalle sa rap mooglik in ein oan de stakingen komt: "Yn elke bus is twa tredde fan de reizgers studinten en dy wurde no wol ekstra hurd rekke."