Fryslân jout foar elke ynwenner it meast út oan regionale identiteit

© ANP
Fryslân jout fan alle provinsjes relatyf it measte jild út om de regionale identiteit te befoarderjen. Yn kultuer en maatskippij, dy't de regionale identiteit mei bepale, stekt Fryslân foar elke ynwenner 72 euro.
Dat docht bliken út ûndersyk fan de NOS, op basis fan sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Dy sifers toane oan dan benammen yn tinbefolke provinsjes in soad jild giet nei kultuer en maatskippij. Yn Fryslân dus 72 euro foar elke ynwenner. Nei Fryslân komme Drinte (65 euro), Limboarch (57) en Grinslân en Seelân (elk 53).
Yn mear tichtbefolke provinsjes is dat bedrach folle leger. Sa giet der foar elke ynwenner fan Noard-Hollân 6 euro nei kultuer en maatskippij.
Dat in provinsje as Fryslân relatyf in soad útjout oan kultuer en maatskippij, is neffens Marijn Molema fan Planbureau Fryslân (it eardere Fries Sociaal Planbureau) wol te ferklearjen. "In provincies als Noord- en Zuid-Holland is heel veel Rijkscultuur, daar gaat veel geld van het Rijk heen. In Fryslân is dat veel minder, daar investeert de provincie zelf meer in."
Boppedat fine Fryslân en de Friezen it wichtich dat 'it ferhaal' fan ús provinsje ferteld wurdt. "Identiteit gaat altijd over een verhaal. De verhalen over de inwoners moeten verteld worden en daar wordt in geïnvesteerd. In bepaalde andere provincies heerst dat groepsgevoel veel minder."

Grutskens

Dat dat groepsgefoel en de grutskens yn Fryslân it sterkst is, docht ek bliken út earder ûndersyk. Dêrút kaam nei foaren dat dy grutskens op de eigen provinsje nearne sa grut wie as yn Fryslân. Dat komt troch bygelyks de taal, mentaliteit, natuer, Alvestêdetocht en tradysjes.
Molema ûnderskriuwt dat. "Dat zijn echte culturele symbolen met grote en gedeelde trots. Friezen koesteren het samen beleven van die dingen. Daar wordt ook in geïnvesteerd."
De ynvestearringen fan de provinsje helpe, jout er oan. "Er is in Fryslân bijvoorbeeld veel aandacht voor culturele producties. De provincie springt hier in een gat wat in sommige andere provincies wel door het Rijk gevuld wordt."