Manlju swier oerfertsjintwurdige yn Fryske polityk

Steateleden yn Provinsjale Steaten © Hoge Noorden, Jacob van Essen
De man-frouferhâlding yn de Fryske Provinsjale Steaten is oan de ein fan dizze perioade in stik skever as by de ynstallaasje fjouwer jier lyn. Doe wienen 16 fan de 43 Steateleden noch frou, dat binne der no noch 9.
Dat komt ûnder oare troch twa Steateleden dy't nei har ynstallaasje deputearre wurden binne (Sietske Poepjes en Avine Fokkens) en elk ferfongen waarden troch in man. Mar ek oare froulju dy't de Fryske polityk ferlieten waarden faak troch in man opfolge.
De ôfrûne Steateperioaden wiene de froulju altyd yn de minderheid: sûnt 2007 skommelet it tal froulju tusken de 16 en 18 op it stuit fan ynstallaasje.
Man-frouferhâlding yn Provinsjale Steaten sûnt 2007:
It liket derop dat de ferhâlding nei de Steateferkiezingen fan 15 maart wol mear yn balâns is. Sa ha de measte partijen meardere froulju heech op de kandidatelisten stean.
De PvdA, VVD en GrienLinks ha froulike listlûkers: Edou Hamstra, Avine Fokkens en Charda Kuipers. By de SP steane der froulju op 1, 2 en 3: Hanneke Goede, Ilse van Loveren en Jolanda van Overhagen.
In oersjoch fan alle froulju yn de top-10 fan de kandidatelisten fan alle partijen yn Fryslân:
Yn de gemeenterieden yn Fryslân is it faak net folle better. Fan de 408 gemeenteriedsleden binne der 151 frou, dat is sa'n 37 prosint. Yn ien fan de achttjin gemeenten sitte der mear froulju yn de ried as manlju. Dat is it gefal yn Ljouwert: 21 froulju om 18 manlju.
De situaasje op Skylge is it brykst: dêr is Aukje Schol (PvdA) it iennige froulike riedslid, mei tsien manlju. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders bestiet dan wol wer folslein út froulju.