HEA! Clown Heppie fielt har hielendal happy
HEA! Clown Heppie
By har thús is it in kleurige bedoening. Yn it hûs fan Erna Dalemans fan Goutum wennet ek clown Heppie, it alter ego fan Erna. Mei de bern dy't by har op besite komme, makket se der in feestje fan.
Dalemans hat ek jierrenlang CliniClown west. Mar as clown Heppie fielt se har dochs it meast harsels. Sa treedt se op foar bern mei in beheining of âlderen mei Alzheimer. De fan oarsprong Belgyske kaam foar de leafde nei Fryslân. No wennet Dalemans hjir alwer mear as 20 jier.