Mearderheid Friezen: provinsje moat gemeenten twinge genôch sosjale hierhuzen te bouwen

De bou fan nije hûzen oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert © ANP
It tal sosjale hierwenningen is de ôfrûne jierren fermindere, mar de fraach is tanaam. As gemeenten net genôch sosjale hierhûzen bouwe, dan moat de provinsje se mar twinge, fynt 70 prosint fan de Friezen.
By sosjale hierwenningen mei de hier noait heger wêze as in bepaald bedrach. Yn 2023 stiet dat op 808 euro de moanne.
De wachttiid foar in sosjaal hierhûs is yn trochsneed oprûn ta trije jier, die yn desimber bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau. Der wurdt ek mear ynskreaun op de oanbeane hûzen. De trochstreaming bliuwt dêrtroch hingjen, sizze de ûndersikers.
Tagelyk toande ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek yn oktober oan dat der hieltyd minder sosjale hierhûzen beskikber binne. Yn 2021 wie dat 34 prosint fan it totale tal bewenne wenrûmten. Dat wie yn 2012 noch goed 37 prosint.

Belied ôfrûne jierren

It wurdt dêrtroch foar minsken dreger om in betelbere hierwenning te finen, seit foarsitter Zeno Winkels fan de Woonbond. "Dit is de uitkomst van het gevoerde beleid de afgelopen jaren." It bûn wol dat it dreger wurdt om wenningen yn de frije sektor te ferhieren. Korporaasjes soenen ek folle mear bouwe moatte de kommende jierren.
De fraach is wa't de regy ha moat oft it giet om hûzebou. Minister Hugo de Jonge fan Folkshúsfêsting presintearre yn febrewaris in wet wêrmei't hy foar gemeenten en provinsjes beslute kin wêr't boud wurde moat en oft der bygelyks sosjale hierwenten komme moatte.

Twang troch provinsje?

In grut part fan de Friezen fynt dat as gemeenten net genôch sosjale hierhûzen bouwe, dat de provinsje se dan twinge moat. Dat docht bliken út sifers fan it Kieskompas, dy't by de lêste telling troch goed 32.000 Friezen ynfolle wie.
Dit binne de partijstânpunten by ûndersteande stelling yn it Kieskompas:

"As gemeenten net genôch sosjale hierwenten bouwe, moat de provinsje har twinge dit te dwaan"

Folslein mei iens: BBB, Partij voor de Dieren, SP
Mei iens: 50Plus, AWP, BVNL, CDA, ChristenUnie, D66, FNP, GrienLinks, PvdA
Neutraal: JA21, PVV
Net mei iens: Provinciaal Belang Fryslân, VVD
Folslein net mei iens: Forum voor Democratie
It Kieskompas wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan it Fonds Bijzondere Journalistieke Projecten.
By it Kieskompas kinne minsken ek oanjaan wat se fan doel binne te stimmen by de Steateferkiezingen op 15 maart. Fan hast alle partijen is in mearderheid fan de achterban foar eventuele twang rjochting gemeenten. Allinnich by Forum voor Democratie is mar 46 prosint it iens mei de stelling.
De measte stipe foar twang komt fan minsken dy't oare wike links stimme sille. Sa fynt 87 prosint fan sawol de takomstige SP- as PvdA-stimmers dat de provinsje gemeenten twinge moat om sosjale hierhûzen te bouwen. Fan GrienLinks-achterban is ek 86 prosint it dermei iens.
De listlûkers fan PvdA, GrienLinks en Forum voor Democratie geane jûn by Omrop Fryslân yn debat, ûnder oare oer wenningbou. De spesjale útstjoering fan It Polytburo begjint om 17.30 oere.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.