Gaswinning en stikstof ferdiele partijen yn twadde ferkiezingsdebat

Hanneke Goede (SP) en Max Aardema (PVV) © Omrop Fryslân
PVV, SP, ChristenUnie en BVNL binne it net iens oer hoe't it fierder moat mei de gaswinning yn Fryslân. Ek de stikstofoanpak is in punt fan diskusje tusken de partijen. Oer de takomst fan it iepenbier ferfier binne se it wol foar it grutste part iens, oer de útfiering minder.
De fjouwer partijen wienen tiisdei te gast by it twadde telefyzjedebat fan Omrop Fryslân yn oanrin nei de Steateferkiezingen fan 15 maart. Oant en mei freed komme alle santjin partijen del.
De folsleine útstjoering fan it twadde ferkiezingsdebat is hjir werom te sjen.
Tiisdei soarge benammen it tema gaswinning foar in felle diskusje. PVV-listlûker Max Aardema en Binne de Vries fan BVNL (dy't listlûker Johan Talsma ferfong) fine dat de provinsje gaswinning hjir tastean moat. "We ha noch in soad gas yn de Noardsee en yn de Waadsee miskien ek wol", seit Aardema.
Listlûkers Matthijs de Vries (CU) en Hanneke Goede (SP) binne it dêr dúdlik net mei iens, sy fine dat Fryslân fan it gas ôf moat. "We zien wat er gebeurt in Groningen, dat is een groot drama", zegt Goede.
PVV, SP, ChristenUnie en BVNL yn diskusje oer gaswinning:
Moeten we stoppen met gaswinning in Fryslân of niet?
Ek Matthijs de Vries fynt dat it rapport oer ierdgaswinning yn Grinslân reden genôch is om gjin gas mear te winnen yn Fryslân. "No't dat rapport der leit, snap ik net dat wy hjir oan tafel sizze kinne dat we trochgean moatte mei gaswinning. Der binne in hiel soad goede alternativen."
De PVV en BVNL sjogge kearnenerzjy as mooglik alternatyf. "Dat kin feilich, dat sil ek de takomst útwize." De SP sjocht dêr folle minder heil yn. "Het duurt nog tientallen jaren voordat dat er staat", seit Goede. "Bovendien is het ongelooflijk duur."
Wat dan wol? "Zonnepanelen op daken. We zien nog zoveel daken waar nu nog niets ligt, waar nog ruimte is. De inwoners profiteren daar ook weer van. En door minder te verbruiken lossen we het probleem al voor een groot deel op."
De SP en BVNL binne it der wol oer iens dat de opbringsten fan de opwekte enerzjy direkt weromfloeie moat nei de ynwenners fan de provinsje.

Hoe no fierder mei de boeren?

Krekt as op it mêd fan gaswinning, komme de partijen der net út as it om stikstof giet. De doelen dy't lanlik fêststeld binne - stikstofreduksje fan 50 prosint yn 2030 - binne ta stân kaam op basis fan rjochterlike útspraken. De PVV en BVNL wolle dat Fryslân him dêrtsjin ferset: "We sette ús hakken yn it sân, wy sille der net oan meiwurkje", seit Aardema (PVV).
"As provinsje ha je in útfierende taak", seit Binne de Vries (BVNL). "As wy yn Provinsjale Steaten komme, dan kinne we ús dêr prima tsjin fersette en mei oare ideeën komme."
PVV en BVNL wolle har fersette tsjin it lanlike stikstofbelied:
Moat de provinsje har fersette tsjin it lanlike stikstofbelied?
Matthijs de Vries (CU) fynt wol dat de provinsje mei de 'Fryske oanpak' trochgean moat yn it stikstofdossier. "It is lanlike wetjouwing, it kin net oars as dat wy dermei oan de slach moatte." Ek fynt hy dat de boeren perspektyf krije moatte. "Minsken binne klear mei de polarisaasje, we moatte mei elkoar oan de slach."
Neffens Goede (SP) moat der fierder sjoen wurde as de boeren: "Wij willen liever meer boeren die extensiever werken. Maar kijk bijvoorbeeld ook naar Tata Steel of Schiphol. Er liggen veel meer problemen. Wat kunnen we tegelijk aanpakken: grond, water, natuur? Boeren moeten daar veel meer in te zeggen krijgen."

Ferfiersearmoede

Oer it iepenbier ferfier binne de partijen it foar it grutste part iens: it moat tagonkliker en betelberder. Boppedat fine se dat de lytse doarpen better berikber wurde moatte. Oer de wize wêrop ferskille de partijen wol fan miening.
Sa tinkt Matthijs de Vries (CU) dat mear jild net de oplossing is, mar dat der nei oare foarmen fan iepenbier ferfier sjoen wurde moat. "Bygelyks troch lytsere bussen yn te setten yn lytsere doarpen. De grutte bussen kostje in hiel soad jild."
De SP fynt dat Den Haag betelje moat foar better iepenbier ferfier yn de provinsje:
Fryslân moat berikber bliuwe, mar wa betellet dat?
Binne de Vries (BVNL) slút him dêrby oan: "We moatte in handige wize fine om yn alle kearnen iepenbier ferfier te krijen. Dat kin bygelyks troch it te kombinearjen mei Wmo of learlingeferfier."
De PVV en SP beklamje foaral de betelberens fan it ov. "Minsken moatte sels kieze kinne oft se mei it iepenbier ferfier geane of mei de auto, mar dy kar ha se no faak net", seit Aardema (PVV).
Better iepenbier ferfier soarget ek foar mear kânsen foar minsken, neffens Goede (SP): "Als mensen de mogelijkheid hebben om ergens te komen, krijgen ze een betere baan, kunnen ze meer verdienen, etc. Uiteindelijk kunnen ze dan een huis kopen of huren. Zo pak je eerst het een aan en dan het ander."
Woansdei is it tredde ferkiezingsdebat fan Omrop Fryslân. Dan binne de listlûkers fan Forum voor Democratie, PvdA en GrienLinks te gast.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.