Amtsketting past boargemaster Ina Sjerps net lekker, moat der in nije komme?

In nije amtsketting fan maksimaal 12.000 euro of net? De gemeenteried fan Harns sil him bûgje oer dy fraach. Boargemaster Ina Sjerps fynt de ketting dy't sy no hat net goed sitten en oanpasse soe net kinne neffens de gemeente. Juwelier Wytse Piersma tinkt dêr oars oer, hy makke de amtsketting fan Noardeast-Fryslân.
"Ik soe sizze, kom ris in kear del, dan besprekke wy it efkes en ik soe 'm graach in kear yn it echt sjen." Neffens Piersma soe dat ek nochris in stik goedkeaper wêze; sa'n tûzen oant fyftjinhûndert euro. "Ja, dat wol, want der sit in soad tiid yn, mei it meitsjen fan in nije ha ik wiken dwaande west."
Oanpasse fan in amtsketting kin troch bygelyks in lyts kettinkje yn de nekke oan te lizzen wêrtroch't er better lizzen bliuwt, of troch skeakels yn te koartsjen. "Myn heit hat de foarige amtskettiing hjir makke, dy is droegen troch trije mannen mei trije ferskate postueren en wy hawwe him altyd oanpast", fertelt er.
Histoaryske wearde
Direkteur fan museum it Hannemahûs fynt net dat it oanpast wurde kin, want dan soene je oan de histoarje komme. Mar Piersma fynt net dat dat it gefal is: "As je it goed dogge, sjogge je it eins net."
Neffens Piersma is eins de iennige regel dêr't de amtsketting oan foldwaan moat dat oan de iene kant fan de penning it wapen fan de gemeente stiet en oan de oare kant it lânswapen. It lânswapen moat nei foaren wize as de kening delkomt.
Yn de nekke
"Ek is it it moaist as de ketting fan edelmetaal is, dat is faak sulver, want goud wurdt wol hiel djoer. Wy hiene 1,5 kilo nedich mar eltse ketting is oars."
Foar boargemaster Ina Sjerps soe er advisearje om de ketting oan te passen yn de nekke. "Dan kinne je de rûning ek wol moai oanpasse sadat er moai om de hals fan de dame falt."
Juwelier Wytse Piersma leit út hoe't in amtsketting oanpast wurde kin