Baard ferbjustere nei't fjouwer jonge beamkes oant de stam ôf ôfseage binne

In ôfseage beam © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Fjouwer jonge beamkes yn in parkje oan de Dekemawei yn Baard binne dit wykein oant de stam ta ôfseage. It giet om fjouwer beamkes dy't ferline jier plante binne. Se waarden doe oanbean troch de provinsje om't dy gebrûk makke hie fan it stik lân.
It giet om fjouwer beamkes, dy't noch groeie moasten. Se stiene noch fêst mei twa rubberbannen tusken twa houten steunpealtsjes. Twa fan de fjouwer beamkes hingje no oerdwers yn de rubberbannen, de oare twa stean op de ôfseage stamkes.

'Lullige actie'

Yn it doarp binne se ferbjustere. "Dit is een hele rare, lullige actie. Dat je 's nachts op pad gaat met een zaag en vier boompjes omzaagt", fertelt Fredau Metselaar fan Doarpsbelang. "Wij vragen ons af waarom iemand dit doet, het is heel vreemd."
Yn Baard binne fjouwer beamkes omseage, mar troch wa?
Metselaar kin de beamkes út har wenkeamer wei sjen. Neist har wennet Klaas van der Wal. Beide wenje oan de Boalserter Feart. Oan de oare kant fan it wetter leit it stikje lân dêr't de beamkes stean.
"Je freegje je ôf wêrom't dit sa moat", suchtet Van der Wal. "Ik ha de hiele simmer mei wetter yn 'e slach west om se groeie te litten. We ha in drûge simmer hân, dus dat wie in hiele put alle wiken. En dan sjogge je no dit, it is net te begripen."

Oanjefte

De grienkommisje fan Baard hie krekt plannen makke foar de ynrjochting fan it hoekje lân: "We willen daar een mooi groen hoekje van maken. Met een landschapsarchitect gaan we kijken wat het beste bij het dorp past, een voedselbosje of zoiets. Deze vernielingen veranderen voorlopig niks aan de plannen, maar we zijn wel benieuwd wie dit gedaan heeft, maar vooral waarom."
In beamke is kapot © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Ut doarpsbelang wei docht Metselaar noch oanjefte by de plysje fan it fernielen fan de beamkes. "Ik ga het bovendien ook nog melden bij de gemeente. Ik ga er vanuit dat er weinig tijd is om vier boompjes te onderzoeken, maar ik wil het in elk geval gemeld hebben", leit se út. "Wij nemen dit serieus en hiermee willen we duidelijk aangeven dat dit niet normaal is."