Gemeentehûs yn Kollum ferkocht

It gemeentehûs yn Kollum is ferkocht, dat meldt Makelaardij Roos op har webside. Ek meardere boarnen hawwe yntusken de ferkeap troch de gemeente Noardeast-Fryslân befêstige.
De ûndernimmers dy't it pân kocht hawwe, wolle lykas de gemeente noch net op it nijs reagearje. Sy hawwe ynkoarten noch in oerlis, wêrnei't sy mooglik mei in reaksje komme.
De gemeente Noardeast-Fryslân pleatste op 28 juny in iepenbiere oankundiging fan opdracht foar de ferkeap fan it gemeentehûs op it digitale platfoarm Negometrix. Yntusken falt der op de webside fan de makeler te lêzen dat it pân ferkocht is.
By in eardere ferkeapproseduere moast de foarsjenningerjochter deroan te pas komme, om de gemeente ta in nije iepenbiere ferkeapprosedure te twingjen.
It gemeentehûs fan de eardere gemeente Kollumerlân is troch de gearfoeging fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân ta Noardeast-Fryslân oerstallich wurden.
Op dit stuit is de gemeente drok mei it sintralisearjen fan de húsfesting yn Dokkum.