KNMI: Koade giel yn Fryslân fanwege glêdens

© Omrop Fryslân
It KNMI hat foar freed en sneontemoarn op 'e nij koade giel ôfkundige foar Fryslân fanwege kâns op glêdens. De warskôging jildt ek foar de Waadeilannen.
De glêdens kin freed it gefolch wêze fan snie. Boppedat kinne wiete parten fan de dyk troch de lege temperatueren befrieze. Rykswettersteat set struiweinen yn. De warskôging jildt freed de hiele dei, oant sneon 11.00 oere.