Dronken automobilist jaget mei 100 km/o troch Bûtenpost

© Shutterstock
In automobilist fan Kollumersweach ried yn de nacht fan moandei op tiisdei mei 100 kilometer yn de oere oer de Foarstrjitte en de Jeltingaloane troch Bûtenpost. Op dy strjitten jildt in maksimumsnelheid fan 30 km/o.
De automobilist seach de plysjeauto dy't earne yn Bûtenpost fan rjochts kaam earst net. Doe't er de auto wol seach, naaide er neffens de plysje direkt út. Hy negearre in stopteken en ried op hege snelheid troch.

Alkohol

Uteinlik bruts de man syn flecht ôf. De plysje fernaam al gau in alkohollucht. In azemûndersyk op it buro liet sjen dat de man tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen en der is in proses-ferbaal opmakke foar it riden ûnder ynfloed, it negearjen fan it stopteken, gefaarlik riden en it net om hawwen fan de autogurdle.