Prehabilitaasje en Lifelines sintraal by besite minister Kuipers oan sikehûs Nij Smellinghe

Minister fan Folkssûnens Ernst Kuipers kaam moandei op besite yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Hy liet him dêr byprate oer wat it sikehûs docht oan saneamde prehabilitaasje. Fierder krige hy ynformaasje oer it Lifelinesprojekt.
Prehabilitaasje komt der op del dat in pasjint as tarieding op in operaasje yn in pear wiken tiid sa fit mooglik makke wurdt. Dêrtroch giet it opbetterjen nei de yngreep folle flugger en hoecht de pasjint minder lang te refalidearjen.
Minister Kuipers op besite yn sikehûs Nij Smellinghe
Yn Drachten hawwe se dêr sûnt 2009 goede ûnderfinings mei. Se wienen ien fan de earsten dy't dermei begûnen. Se diele de wittenskiplik sammele gegevens mei oare sikehuzen.
'Soargje foar in goede kondysje'
Kuipers fynt it belangryk dat it fierder trochset wurdt. Om technology ynsette te kinnen, mar ek om in omslach yn it tinken by minsken foar inoar te krijen. "Prehabilitatie kan voor een deel ook al als mensen zich bewust zijn van de kans om in een ziekenhuis terecht te komen, om zelf te zorgen voor een zo goed mogelijke conditie. Want we weten nu dat de kans dat je er sneller uit bent, veel groter is."

Minister Kuipers krige ek ynformaasje oer it Lifelinesprojekt. Al 15 jier lang wurde sûnensgegevens fan tûzenen minsken yn it noarden byhâlden. Sa is it mooglik wurden om sykten yn in folle earder stadium op te spoaren en te behanneljen. Boppedat smiet de coronapandemy in bulte oan ynformaasje op, dêr't beliedsmakkers in soad mei kinne.
Kuipers is al langer entûsjast oer it Lifelinesûndersyk. "Het is een prachtig onderzoek. We krijgen hierdoor bijvoorbeeld nieuwe gegevens over risicofactoren voor hart- en vaatziekten en risicofactoren voor kanker. Maar ook veel meer gegevens over wat normaalwaardes zijn van allerlei bloeduitslagen. Iets waar iedereen die op enig moment een bloeduitslag moet hebben in het ziekenhuis baat bij kan hebben."
Lifelines sit yn de tredde ûndersyksfaze. It begûn mei 167.000 dielnimmers. No hoopje se op 100.000 minsken. De ûndersikers fan Lifelines dogge in oprop oan nije minsken en foaral ek jongelju om mei te dwaan.