Nijbou De Skâns by Boargemaster Harmsmaskoalle wer serieuze opsje foar Opsterlân

De Skâns © Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Opsterlân nimt noch foar de simmer in definityf beslút oer de nijbou fan teäter De Skâns. Der binne noch twa mooglike lokaasjes. Op de Stasjonswei, flak foar it âlde teäter, of by de Boargemaster Harmsmaskoalle.
De ried stimde moandei unanym yn mei in helberheidsûndersyk nei beide lokaasjes. Neffens wethâlder Libbe de Vries is der gjin foarkar. "Beide opsjes meitsje likefolle kâns. It doel is om noch foar de simmer mei in riedsfoarstel te kommen, mei tekeningen en in priiskaartsje. It is dan oan de ried om dêr in kar yn te meitsjen", seit De Vries.
It aksjekomitee 'Dizze Skâns moat bliuwe' hat al in dúdlike foarkar. Sy wolle in nij teäter op it fertroude plak yn it sintrum. Omdat Gordyksters earder al ferskate kearen útsprutsen dat se net folle sjogge yn in teäterseal by de Boargemaster Harmsmaskoalle fynt Gerard Rooker it 'bysûnder' dat dizze opsje no dochs wer prominint yn byld is.

Net ferpleatse

"De Skâns moat bliuwe op it plak dêr't it altyd stie, by it sintrum fan De Gordyk", seit Rooker. "Dat is de útdruklike winsk fan de mienskip. Ik begryp dêrom net hoe't it kin dat de nijbou by de Boargemaster Harmsmaskoalle no dochs wer op 'e nij ûndersocht wurdt."
Wethâlder De Vries hat noch gjin foarkar, mar sjocht wol wat yn de opsje Boargemaster Harmsmaskoalle. "De Skâns wurdt hjir in apart gebou, dat foar de skoalle stiet, en allinnich mei in gong oan de skoalle fêst sit."
De direksje fan de Boargemaster Harmsmaskoalle is sels in grut foarstanner fan de bou fan in nije Skâns by de skoalle.