Afke Boven presintearret no in jier it NOS sjoernaal: "Sa gek dat ik no ien fan dy minsken bin"

Sûnt in jier presintearret âld-Omrop Fryslânsjoernalist Afke Boven it NOS sjoernaal. Ofrûne jier hat sy belibbe as fleach de tiid. Dochs sit sy al hielendal op har plak.
"It wie wol echt hiel spannend", fertelt Boven oer har earste útstjoering. "Dat foel my dan ek wer in bytsje ôf fan mysels. Ik tocht nammentlik: ik haw dit by de Omrop hiel lang dien, en ik bin in nochtere Fries, ik lit my net gek meitsje. Mar dit is krekt even wat mear publyk as yn Fryslân, dan fielst it wol efkes."
De foarfallen folgen harren yn rap tempo op; de oarloch yn Oekraïne, it ferstjerren fan de Ingelske keningin Elizabeth, de ierdbeving yn Turkije. "Dêrtroch wie it in hiel fol jier, dan bart der wol in soad, dan hast hast net troch dat it libben gewoan trochgiet."
Bekende Nederlanner
No't it sjoggerspublyk dat Boven yn byld krijt in stik grutter wurden is, binne der mear minsken dy't har werkenne. "Mar dat haw ik faak sels net iens bot troch, dan sizze freonen wêrmei't ik sit te iten tsjin my dat minsken my oanstoarje."
Boven is no dus ien fan de bekendere Nederlanners, dat fynt sy in frjemd idee. "As ik der oer neitink hoe't ik nei bekende Nederlanners sjoch, dan is it is sa gek dat ik ien fan dy minsken bin."
Ek krijt sy in soad berjochten, allinnich dy op Twitter hoecht sy net sa nedich te folgjen. "Dêr hiene sy my hjir al foar warskôge, minsken binne dêr echt sa negatyf, dat is wat dat ik net noflik fyn, dus dêr sjoch ik net mear op."
Wat der ek by komt as bekend gesicht, is oanfragen foar spultsjes op telefyzje: "Ik bin al trije kear foar 'De Slimste Mens' frege, mar dat doar ik echt net hear."
Oft sy alwer nocht hat yn wat oars? "Op dit stuit seker net. Foar my as sjoernalist is de NOS it heechst helbere, minsken binne hjir like nochter as by de Omrop en wy kinne ek like lûd laitsje."
Afke Boven fertelt oer har ûnderfiningen fan har earste jier by de NOS