Minister Schouten leart op wurkbesite fan it earmoedbelied yn Súdwest-Fryslân en Ljouwert

Minister Carola Schouten (rjochts) © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Earmoedregelingen moatte simpeler en makliker berikber makke wurde. Dat is it belangrykste boadskip dat minister Carola Schouten foar Earmoedbelied meikrige op in wurkbesite yn Snits en Ljouwert.
Se wie nei Fryslân takaam nei oanlieding fan in petear mei partijgenoate Carlijn Niesink. Schouten sei dat se it dreech fûn om minsken goed te berikken mei alle regelingen. Yn Súdwest-Fryslân, dêr't Niesink wurket, slagget dat al wol hiel goed. Dêr gean meiwurkers aktyf nei doarpen ta om dêr minsken te helpen mei it útlizzen en oanfreegjen fan regelingen.
It giet sels sa goed dat al sa'n 95 persint fan de ynwenners mei in ynkommen oant 120 persint fan it wetlik minimum enerzjytaslach oanfrege en krigen hat.

Stabiliteit en ienriedigens

De gemeente rint allinnich wol tsjin problemen oan, seit Wiesje Vrijburg. Sy is projektlieder fan it projekt SWF Tichtby, bedoeld om minsken te helpen by it oanfreegjen fan regelingen: "It regellij meitsjen, soe ik har meijaan wolle. En stabiliteit, want it sosjaal domein is hiel dynamysk."
Dêrom pleite sy by minister Schouten foar ienriedigens as it giet om regelingen. Vrijburg: "As it wat oersichtliker is, is dat wol handich foar de Nederlanners."
Minister Schouten op besite yn Snits en Ljouwert
Ek de regeling foar taskes mei moarnsbrochjes moat oersichtliker. It Reade Krús en it Sociaal Collectief jouwe dy op in oantal punten yn de gemeente ôf. "Ik ben daar heel erg blij mee", seit Sarah, sy is mem fan twa famkes. Sûnder de tas soene har bern moarns mei in minder folle mage nei skoalle gean.
Ytsje krige earder ek in tas. No hat se in paske. Dêr kin se boadskippen mei dwaan: "De boodschappen zijn heel duur. Ik heb drie kinderen, één puber. Die eten veel. Ik kan anders niet rondkomen."

Mear ryksjild nedich

Wethâlder Marianne Poelman hopet dat de minister sjen wol nei mear ryksjild foar sokke projekten. No wurdt it betelle mei subsydzje fan de gemeente, jeften en bygelyks fan in bydrage fan it jeugdedukaasjefûns. "We hebben het hier doorontwikkeld, ook anoniemer gemaakt. Dat zou ook landelijk kunnen. Dan wordt het laagdrempeliger."
Minister Schouten op wurkbesite © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Nei Snits wie Ljouwert oan bar. Yn wyksintrum Heechterp-Schieringen waard se bypraat oer de inisjativen yn de stêd om earmoed te bestriden. Leon de Vries is ien fan dy minsken dy't 'm dêr foar ynset. "Mijn boodschap aan de minister was dat de hulpverlening makkelijker toegankelijk moet zijn. Geen wachttijden voor als je contact zoekt met je schuldeisers."
De Vries hie sels 'gelok'. Flak foar't hy echt de boaiem berikt hie, waard hy holpen. Mei dy ûnderfining sjocht hy no dat hieltyd mear minsken yn de problemen komme: "Wat ik opvallend vind, is dat er een grote groep mensen is die keihard werkt, tweeverdieners die de eindjes niet meer aan elkaar kunnen knopen. Die lopen tegen een heel groot probleem aan. Ze werken van negen tot vijf en de schuldeisers ook. Voor die mensen is de hulpverlening niet toegankelijk."

"Het gaat ook om het aanpassen van gedrag"

Schouten erkent dat de earmoedproblematyk hiel grut is. Mar se sjocht ek dat der in soad oan dien wurdt troch de gemeenten en oare ynstellings. Se is benammen bliid dat se mei eigen eagen sjoen hat dat it bêst mei minder regels ta kin.
"Je ziet bijvoorbeeld in Súdwest-Fryslân dat ze een systeem hebben waar mensen makkelijk en snel kunnen zien waar ze recht op hebben. Daar kunnen we landelijk ook meer mee, het idee dat je niet telkens opnieuw alles moet inleveren, maar om te kijken of die gegevens al bekend zijn."
Dat de earmoedproblemen tanimme, sjocht minister Schouten ek. Ut ûndersyk docht bliken dat 6 op de 10 húshâldens muoite hat om rûn te kommen. "We zien dat door alle hoge prijzen meer mensen in de problemen komen", seit Schouten. "Er zijn heel veel opties om die groep tegemoet te komen. Maar wat ook opvalt, is dat het veel jongeren zijn. Het gaat dan ook om het aanpassen van je gedrag als je minder geld hebt."

Bern leare karren meitsje

Yn Ljouwert krije bern út groep 8 finansjele les. Se leare dêr boartsjendewei om karren te meitsjen as it ynkommen weifalt. Dat is dreech, fernimme de skoalbern. "Ik ben m'n auto kwijt", ropt ien. De oar moat skrasse yn it tv-abonnemint en wer in oar moat ophâlde mei sporten.
It doel fan de les is simpel, seit dosint Peter de Winter. "Ze moeten keuzes maken. Eerst hebben ze een heel hoog inkomen, daarna 1.500 euro en dan worden ze ontslagen." It skrassen is sa maklik noch net, mar it slagget de measten jild oer te hâlden, ek al is it mar fiif euro.