Sportcast: "Hearrenfean spilet it aardichste fuotbal fan Nederlân"

Hokker earedivyzjeploech spilet der fuotbal dat fermaakliker is om nei te sjen as dat fan sc Hearrenfean? De beide Hearrenfeanfolgers fan Omrop Fryslân binne der wol oer út: gjinien.
De ploech fan trainer Kees van Wonderen makket yndruk op sportferslachjouwer Arjen de Boer. "Tsjin Feyenoord foar de beker yn de earste helte haw ik geniete. Tsjin RKC spilen se in oere lang echt hiel goed fuotbal mei sa folle kreativiteit yn de ploech. Je sjogge it net ôf oan it tal punten, mar ik fyn it folle aardiger as foar de winter."
Goed spul, mar net in soad punten
It iennige dat deroan ûntbrekt, is it heljen fan punten. Ut de tsien kompetysjeduels nei de winterstop helle sc Hearrenfean acht punten. Dochs leit dat net oan it spul, fynt sportferslachjouwer Roelof de Vries.
"Ajax spilet gjin moai fuotbal mear, dus dy streekje ik fuort. PSV net. Feyenoord is de lêste tiid allinnich mar lokkich. Hokker ploech soe aardiger fuotbal sjen litte as Hearrenfean?"
Neffens sportferslachjouwer Andor Faber giet De Vries te maklik foarby oan Feyenoord. "Dat is de best fuotbaljende ploech. As je goed fuotbal spylje, is it ek automatysk aardich. Arne Slot hat it hiel goed foarinoar. It is in enoarm knappe prestaasje, as je sjogge wat sy fan it simmer kwytrekke binne."
De Boer bliuwt by syn stânpunt: "Ik fyn dat Hearrenfean it aardichste fuotbal spilet fan Nederlân."
Yn de frouljusearedivyzje waard dit wykein ek in bysûndere wedstriid spile. Ajax en Feyenoord troffen inoar yn de Johan Cruijff ArenA. Dêr sieten mear as 33.000 taskôgers. In nije ûnderfining foar de twa Friezinnen yn Amsterdamske tsjinst: Tiny Hoekstra en Sherida Spitse.
Dy lêste reagearret yn de Sportcast: "Het was fantastisch. Het is een droom die je hebt als klein meisje die uitkomt. De Johan Cruijff ArenA is iets bijzonders", fertelt Spitse. "Hopelijk raakt-ie in de toekomst helemaal uitverkocht. Dit is waarvoor je het als speelster doet."
Mei Oranje nei it WK
Spitse sit mei Ajax yn in fûle titelstriid mei FC Twente. Nei it seizoen makket de rekôrynternasjonal har mei it Nederlânsk alvetal klear foar it wrâldkampioenskip fuotbal. Yn july en augustus reizget Oranje ôf nei Nij-Seelân en Australië, dêr't it toernoai organisearre wurdt.
Bûnscoach Andries Jonker hie de lêste twa wedstriden gjin basisplak foar Spitse, mar se makket har gjin soargen. "Hij heeft het goed uitgelegd, dus dan heb ik er ook begrip voor", seit de fuotbalster fan Snits.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.