Fonteinen stean no fiif jier yn de alve stêden; se lûke noch altyd toeristen

11Fountains wie ien fan de gruttere projekten fan Leeuwarden-Fryslân 2018: alve fonteinen yn de alve Fryske stêden. Dat is no fiif jier lyn, wat hat it opsmiten?
"De fonteinen ha allegear in moai plak krigen, libje ûnder de befolking en se lûke in soad minsken", seit Martin Cnossen. "En dat wie ek it idee." Neffens him ha de fonteinen in ekstra ferbinende faktor tusken de alve stêden.
Oarspronklik wie it idee dat der in stichting komme soe foar realisaasje en ûnderhâld. "Yn de útfiering is foar in oare foarm keazen, dat gemeenten it ûnderhâld dogge."
Fonteinen stean no fiif jier yn de alve stêden; se lûke noch altyd toeristen
"We reserveren er 80.000 euro per jaar voor", seit wethâlder Michel Rietman fan Súdwest-Fryslân, yn syn gemeente stean seis fan de alve fonteinen. "Elk jaar houden we wat over, dus dat gaat goed."
De fonteinen smite de gemeente ek wat op. "Het aantal bezoekers stijgt elk jaar, al verschilt dat wel per stad. In Hindeloopen en Workum komen de meeste bezoekers, die steden trekken ook vanwege andere zaken altijd al meer mensen."

Hy wol de fonteinen graach hâlde. "Het is waardevol cultureel erfgoed en dat moeten we koesteren."
Op 18 maart wurdt it lustrum fan fiif jier fonteinen fierd mei in Kletterdei yn Frjentsjer en Boalsert.
Martin Cnossen en wethâlder Michel Rietman