Debatwike by Omrop Fryslân: alle santjin listlûkers yn fiif dagen

Mear of minder jild nei streekferfier, wol of net besunigje op kultuer, moat de Lelyline der komme of net? It binne in pear fan de tema's dy't dizze wike foarbykomme yn fiif debatten by Omrop Fryslân yn oanrin nei de Steateferkiezingen.
De listlûkers fan alle santjin dielnimmende partijen komme dizze wike by Omrop Fryslân del om mei elkoar yn debat te gean. Net allegear tagelyk, mar ferdield oer fiif jûnen yn fiif spesjale edysjes fan It Polytburo, presintearre troch Andries Bakker en Eric Ennema.
Mei dy lêste sjogge we foarút op de wike, dy't hjoed begjint mei in debat tusken de listûkers fan de Partij voor de Dieren, 50Plus, Provinciaal Belang Fryslân en AWP.
Wêrom fiif losse debatten?
"We wolle alle santjin partijen dy't oan de Fryske Steateferkiezingen meidogge oan it wurd litte. Ien grut debat hat net folle doel, sa leart de ûnderfining, dan giet it der mear om wa't knappe oneliners yn de striid smite kin.
Ik ha neat tsjin skerpe debatten, mar wy tinke dat mei fiif - wat mear ynhâldlike - debatten de stânpunten better by de kiezers brocht wurde."
Watfoar tema's komme der oan bod?
"Wy sille it ha oer de saken dêr't Fryslân oer praat: de Lelyline, de stikstofproblematyk, wenningbou en de wolf. Fierder sil der grif wat aktueels te bepraten wêze!"
Hoe sjogge de debatten derút?
"Omdat we it ha oer santjin partijen, en dus santjin listlûkers, moatte we de dielnimmers ferdiele oer de wike. Fan moandei oant en mei freed, alle dagen fan 17.30 oant 18.00 oere, skowe se oan yn it Mediakafee fan Omrop Fryslân.
Twa kear fjouwer en trije kear trije listlûkers, en dat hieltyd yn in healoere. Dat wurdt dus wol wat avesearje, mar dat is ek wol wer in moaie útdaging."
Fan hjoed oant en mei freed binne de fiif debatedysjes fan It Polytburo, elke dei om 17.30 oere. Sa sjocht it skema derút:
- Moandei: Partij voor de Dieren, 50Plus, Provinciaal Belang Fryslân, AWP
- Tiisdei: PVV, ChristenUnie, SP, BVNL
- Woansdei: Forum voor Democratie, PvdA, GrienLinks
- Tongersdei: VVD, FNP, JA21
- Freed: CDA, D66, BBB
- Tiisdei: PVV, ChristenUnie, SP, BVNL
- Woansdei: Forum voor Democratie, PvdA, GrienLinks
- Tongersdei: VVD, FNP, JA21
- Freed: CDA, D66, BBB
Watfoar konfrontaasje sjochst sels it meast nei út?
"Elke jûn hat wol in elemint dêr't ik nei útsjoch, mar de konfrontaasje tusken FvD en PvdA/GrienLinks op woansdei liket my nijsgjirrich, en dat jildt ek foar de freed: de striid tusken CDA en BBB."
Wat hat de kiezer deroan?
"Ik wit dat in protte sjoggers dy't polityk ynteressearre binne, har kar al makke ha. Dy sille foaral sjen hoe't har kandidaat it docht (en hoe min de tsjinstanner). Foar wa't noch twivelet, falt der wol wat te heljen, sawol ynhâldlik as op hoe't de listlûker op dy persoanlik oerkomt."
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.