Dizze wike wer nije stakingen yn iepenbier ferfier

Bus dy't net rydt (argyffoto) © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Yn it iepenbier ferfier wurdt dizze wike wer staakt. Hjoed kinne minder bussen ride. Tiisdei en tongersdei kin de staking gefolgen ha foar it treinferkear fan Arriva yn Fryslân en Grinslân.
Fakbûnen FNV en CNV dogge de oprop om wer te staken yn it streekferfier. De cao-ûnderhannelingen sitte fêst. Mei elkoar binne 15 stakingsdagen oankundige dy't oer in perioade fan seis wiken plakfine. Woansdei en freed wurdt staakt troch bussjauffeurs, en tiisdei en tongersdei wurdt staakt troch treinpersoniel.
Om't it cao-konflikt net oplost wurdt, fynt de FNV dat de oerheid yngripe moat omdat dy mei it systeem fan oanbesteegjen kaam is. Oanbieders beknibbelje op it skoft en de roasters en sa reitsje meiwurkers oerwurke.
Oft bussen en treinen ride hinget ôf fan watfoar fakbûn de meiwurker lid is en ûnder watfoar cao oft dy persoan falt.