Cambuur hâldt oansluting by konkurrinsje troch oerwinning op Go Ahead Eagles

Michael Breij fiert de 1-0 © ANP
Sportklup Cambuur hat sneintejûn in wichtige oerwinning behelle. Yn eigen stadion waard Go Ahead Eagles mei 4-1 ferslein. Dêrtroch hâldt Cambuur oansluting mei de oare ploegen dy't stride tsjin degradaasje.
Cambuur moast it troch blessueres dwaan sûnder linksback Alex Bangura en oanfaller Silvester van der Water yn de basis. Beide manlju sieten wol op 'e bank. Mees Hoedemakers krige in reade kaart yn it duel tsjin AZ en waard ferfongen troch Mitchel Paulissen.
Opstelling SC Cambuur: Ruiter; Schmidt, Smand, Bergsma, Van Wermeskerken; Paulissen, Van Kaam, Foor; Breij, Johnsen, Mahi.
Nei in foarsichtich begjin fan beide kanten wie it Cambuur dat yn de trettjinde minút as earste gefaarlik waard. Navarone Foor sette mei in moaie stekbal Michael Breij foar it doel. De rjochtsbûten twivele net, helle út en seach dat syn bal ûnder keeper De Lange trochgie foar de 1-0.

Spul op en del

Hoewol't Cambuur dêrnei de kontrôle hie, wiene it de besikers dy't út it neat de 1-1 makken. Mats Deijl mocht fan in meter as achttjin úthelje en dy bal ferdwûn achter keeper Robbin Ruiter yn de goal.
Nei de lykmakker wie Cambuur it efkes kwyt. De besikers út Deventer kamen better yn it spul en fierden de druk op. Mar nei in pear kânsen foar de Eagles wie it de ploech fan trainer Sjors Ultee dy't wer op foarsprong kaam. Linksbûten Mimoun Mahi mocht samar úthelje oan de linkerkant en seach dat syn bal fia de binnenkant fan de peal de goal yn gie.

Cambuur wreidet foarsprong út

De earste grutte kâns yn de twadde helte wie foar Cambuur. Navarone Foor krige de bal foar syn fuotten en syn skot koe mar krekt keard wurde troch keeper De Lange fan Go Ahead Eagles. Twa minuten letter krige Michael Breij in grutte kâns, mar ek hy slagge der net yn om de foarsprong út te wreidzjen.
Bjørn Johnsen fiert syn doelpunt © Orange Pictures
Dat slagge wol nei in grutte flater yn de ferdigening by Go Ahead Eagles. Spits Bjørn Johnsen krige de bal samar foar syn fuotten en hy makke syn tredde goal foar Cambuur. Dêrmei waard de oanfaller, dy't noch mar sûnt de winterstop yn Ljouwert spilet, dield topskoarder fan de Ljouwerters dit jier.

Trije punten bliuwe yn Ljouwert

Tweintich minuten foar tiid kaam Go Ahead Eagles der gefaarlik út. Ynfaller Oppegard mocht samar trochrinne en úthelje, mar syn skot koe pakt wurde troch keeper Robbin Ruiter, dy't sa de marzje op twa hâlde koe.
Oan de oare kant fan it fjild kaam ynfaller Bangura goed troch by in oanfal oan de linkerkant. Hy betsjinne Navarone Foor, en dy makke der 4-1 fan. Cambuur krige dêrnei yn de omskeakeling noch ferskate kânsen op mear, mar in doelpunt waard net mear makke. Fiif minuten foar tiid krige spits Johnsen in steande ovaasje fan it publyk doe't hy wiksele waard foar Uldrikis.
Troch de oerwinning fan Cambuur hâlde de Ljouwerters de oansluting mei de oare ploegen dy't stride tsjin degradaasje. Se stean noch hieltyd achttjinde mei 16 punten, mar it gat nei FC Groningen is no noch mar ien punt, wylst Emmen twa punten mear hat.