Trije oanhâldingen yn Ljouwert en agressive sfear by demonstraasje Go Ahead Eagles tsjin útferbod

Supporters Go Ahead Eagles © Omrop Fryslân
De demonstraasje fan supporters fan Go Ahead Eagles sneintejûn yn Ljouwert is flink út de hân rûn. Der waard mei fjoerwurk smiten en de sfear wie agressyf.
Go Ahead-supporters demonstrearje yn Ljouwert tsjin it útferbod
Supporters fan Go Ahead Eagles Deventer demonstrearren sneintejûn yn Ljouwert tsjin de sluting fan it útfak. By wedstriden fan SC Cambuur meie gjin útsupporters mear komme fan gemeente Ljouwert. Cambuur spile sneintejûn tsjin Go Ahead Eagles.
De demonstraasje wie op it Kalverdijkje yn Ljouwert. Dat leit op in kilometer ôfstân fan it Cambuurstadion. Der wiene sa'n 100 supporters oanwêzich by it protest. Dêrby waard ûnder oare swier fjoerwurk smiten. In ferslachjouwer fan Hart van Nederland waard it wurkjen ûnmooglik makke omdat syn mikrofoan ôfpakt waard.
De supporters wiene mei in bus en ferskate auto's nei it Kalverdijkje kaam. By winkelsintrum Lieuwenburg, tichtby it plak fan it protest, moast de plysje yn aksje komme.

Oanhâldingen

By in plysjekontrôle fan in auto yn 'e buert fan it winkelsintrum naaiden twa minsken út nei kafee Chipie. Yn de auto fûn de plysje in honkbalkneppel. Yn it kafee hiene sa'n fjirtich minsken harren sammele, sa lit in wurdfierder fan de gemeente witte.
Neffens in wurdfierder waarden trije minsken oppakt fanwegen it oertrêdzjen fan de wapenwet. It giet om in Burgumer (27), in Ljouwerter (47) en in man fan It Hearrenfean (52). Allinnich de Burgumer sit noch fêst. Der moat noch in beslút nommen wurde oer it ôfhanneljen fan de oare twa saken.
Plysje yn aksje © AS Media
Boargemaster Sybrand Buma naam op 23 febrewaris it beslút om gjin útsupporters mear ta te stean by SC Cambuur. Dat kaam troch ûngeregeldheden nei ôfrin fan de Fryske derby.
Supporters fan Hearrenfean waarden mei stiennen bekûgele doe't sy yn de bussen nei hûs ta gongen. "Het hele jaar zijn er al veel ongeregeldheden rond of in de buurt van thuiswedstrijden van SC Cambuur", seit boargemaster Buma.