Nyck de Vries yn earste Formule 1-race fan it seizoen nei fjirtjinde plak: “Dit was een prima race”

Nyck de Vries is syn earste race foar AlphaTauri as fjirtjinde einige. Start as njoggentjinde kin de koereur út Twellingea weromsjen op in tige solide debút. Lângenoat Max Verstappen wûn de earste race fan it Formule 1 - seizoen.
De Twellingeaster is in koereur dy't hege easken stelt oan himsels en net gau tefreden is. Hy is de earste om dat nei de kwalifikaasje ta te jaan. Mei syn fjirtjinde plak yn de race kin hy lykwols tefreden wêze. It fjild is enoarm kompetityf en de ferskillen lyts. Foaral yn it middenfjild. Yn de kwalifikaasje komt de snelheid der net út, mar yn de race blykt de AT04 yn alle gefallen betrouber.
Foarsichtige start
De Vries starte de race fan de lêste startrige ôf neist de man dy't er by AlphaTauri ferfangt: Pierre Gasly. De Fries begûn de race foarsichtich en moast gelyk in plak ynleverje oan de Frânsman. Nei fjouwer rûntsjes passearre er Kevin Magnussen dy't op in oare bannestrategy siet. It wie de iennige ynhelaksje fan De Vries, dy't die wat er dwaan moast.
Oant no ta leit Nyck op skema en bin ik bêst tefreden mei hoe't er it docht.
Want kilometers meitsje en de race finishe is de opdracht dy't er fan teambaas Franz Tost meikrijt. "Ik hoopje dat hy de finish hellet, want Nyck hat alle ronden nedich om ûnderfining op te dwaan. Yn de Formule 1 hawwe je tiid nedich om wend te reitsjen oan de auto. Mar oant no ta leit hy op skema en bin ik bêst tefreden mei hoe't hy it docht", ferklearret Tost foarôfgeand oan de race tsjinoer Viaplay.
De 28-jierrige ried in goede race mei reedlik stabile rondetiden dy't noch net hielendal lykweardich binne oan teamgenoat Yuki Tsunoda dy't de race as alfde einige. "Het ging wel okay", is dan ek de earste reaksje fan De Vries tsjinoer Viaplay nei ôfrin fan de race. "Ik denk dat dit een redelijke comeback was na de kwalificatie. De racesnelheid was goed, waardoor we relatief goed mee konden doen."
Farsk rubber
It fenyn siet foar De Vries benammen yn de sturt. Trochdat Ferrari-koereur Charles LeClerc útfoel en der in firtuele safetycar-situaasje wie, dûkten mar leafst seis koereurs út it middenfjild de pits yn foar sêfte bannen.
"Jammer dat al die coureurs een pitstop maakten en ik door moest gaan op oude banden. Ik was er klaar voor om banden te wisselen, maar op het laatste moment is besloten dat ik buiten moest blijven.''
Banneslitaazje
De Nederlanner gie dus fierder op âld, hurd rubber. Hy skode troch nei it alfde plak, mar koe dat ûnmooglik folhâlde op in baan dêr't de banneslitaazje grut is. Ta ferliking Nico Hulkenberg, de Haas-koereur dy't yn de slotfaze efter him ried, wie mar leafst sân tsienden rapper op dy sêftere en nijere bân. Mar De Vries bleau him foar.
We zijn verrast dat we als team toch midden in het middenveld zitten.
Dêrneist blykt mar ris hoe wichtich betrouberens is. De AlphaTauri mist lykwols noch snelheid, mar komt wol mei beide auto's oan de finish. Yn tsjinstelling bygelyks ta McLaren en Ferrari. Dêrneist is it fjirtjinde startplak fan Tsunoda bemoedigjend.
De Vries is dus aardich tefreden mei syn fjirtjinde plak. "Je moet realistisch zijn: er zijn wat uitvallers geweest. Maar we zijn lichtjes verrast dat we als team toch midden in het middenveld zitten. We hadden verwacht meer achteraan te staan. Maar nu blijkt dat we evenwel mee kunnen doen", sa seit hy foarsichtich optimistysk.
Jou Nyck tiid
De Vries hat it koartsein goed dien. Hy makket hjir en dêr wat foutsjes, begjint krekt wat te ôfwachtsjend en komt noch snelheid tekoart op syn teamgenoat, mar ferjit net dat dit syn debútrace foar AlphaTauri is. Hy hat dan wol mei de test de measte kilometers ôflein: yn ferhâlding is it te min foar him om him de auto, de AT04, eigen te meitsjen. Jou him tiid en dan sil er him ek yn it middenfjild minge kinne.