Bjusterbaarlike Italiaan hâldt Bergsma fan fjirde wrâldtitel op 10.000 meter

Jorrit Bergsma © Orange Pictures
Jorrit Bergsma hat sneontemiddei foar de sande kear yn syn karriêre in WK-medalje wûn op de 10.000 meter. De reedrider fan Aldeboarn wûn by it WK ôfstannen yn Thialf it sulver.
Bergsma moast al yn de alderearste rit yn aksje komme tsjin de Dútser Fridtjof Petzold. Hy wie gjin partij foar de Fries. Bergsma koe him yn de lêste pear rûntsjes sels yn de rêch sjen. Mei dêrtroch koe er yn syn tige flakke rit oan de ein noch in bytsje fersnelle. Bergsma kaam úteinlik ta 12.55,64 en moast yn de wachtkeamer plaknimme.
Yn de oare twa ritten foar de dweil kaam Ted-Jan Bloemen it tichtst yn de buert fan Bergsma. Mei 13.01,84 moast er dochs mear as seis sekonden talizze op Bergsma.
Jorrit Bergsma nei syn sânde WK-medalje op de 10.000 meter
Yn de earste rit nei de dweil die al op de helte fan de rit fan Davide Ghiotto bliken dat der gjin wrâldtitel ynsiet foar Bergsma. De Italiaan wie mei in persoanlik rekôr fan 12.41,35 in klasse apart yn Thialf.
Patrick Roest besocht in rit letter de tiid fan Ghiotto oan te fallen, mar dêrtroch gie er hielendal stikken. De Nederlanner moast it lêste rûntsje sels folbringe mei twa hannen op syn knibbels en finishte nei mear as trettjin minuten ek efter Bergsma.
Yn de lêste rit koenen ek Sander Eitrem en Ryosuke Tsuchiya net de grins fan trettjin minuten trochbrekke. Eitrem stapte sels út de baan. Dêrmei gie it goud nei Ghiotto en it sulver nei Bergsma. It brûns wie foar Bloemen.

Utslach 10.000 meter

1. Davide Ghiotto (ITA) 12.41,35 (PR)
2. Jorrit Bergsma (NED) 12.55,64
3. Ted-Jan Bloemen (KAN) 13.01,84
4. Patrick Roest (NED) 13.02,92
5. Graeme Fish (KAN) 13.03,51