Rijpma-de Jong nei wrâldtitel op 'moaiste ôfstân': "Mei bêst wol in oermacht, dat is fantastysk"

Antoinette Rijpma-de Jong koe it sneontemiddei yn Thialf net drûch hâlde nei't se krekt de wrâldtitel op de 1.500 meter binnenhelle hie. "Dit is fantastysk. Echt in enoarme ûntlading", sei de Rottumse nei de race.
Yn it foar hie Rijpma-de Jong al oanjûn dat har fokus by it WK ôfstannen lei op it keningsnûmer. "In ôfstân dy't my de ôfrûne jierren hieltyd better ôfgiet, en ja, ik fyn dit no de moaiste ôfstân. Dat ik dan no ek noch de wrâldtitel pak, dat is fantastysk."
Antoinette Rijpma-de Jong oer har gouden race
De druk wie yn it foar heech, sa seit de Friezinne. Benammen neidat se op sneon in sulveren medalje behelle op de 1.000 meter. "Ik fiel ek wol dat oare minsken tochten fan: se hie juster (sneon, red.) in goeie lêste ronde. Dy komt wol op it poadium of dy wurdt wol kampioen", seit Rijpma-de Jong.
Dêr't se op sneon noch wol genietsje koe fan it toernoai, wie dat op snein oars. "It wie eins echt wol ien hoop stress yn it foar. Ik waard der sels in bytsje mislik fan. It moast hjir no ek echt wol barre."
Oermacht
Nei har race wist Rijpma-de Jong noch net oft it genôch wêze soe foar de titel. Marijke Groenewoud en Miho Takagi moasten noch yn 'e baan komme. "Dat wie fansels wol hiel spannend. Ik tocht ik doch myn jaske ôf. Ik doch myn hierbân op, dan bin ik in bytsje dwaande en bin ik net hieltyd fokust."
"Sy kinne ek in supergoeie 1.500 meter ride. It wie ek in moaie rit sa tsjin-inoar, mar dat ik dan mei best wol in oermacht win, dat is fantastysk", seit Rijpma-de Jong.
Doe kamen de triennen. "We hawwe best wol in drok seizoen hân. Natuerlik net altyd even goed. Ik bin ek wol ien dy't megastrang is foar mysels en it mysels somtiden bêst wol moeilik makket. Hjir hie ik wol myn sinnen op set. It wie de lêste fan it seizoen en moast hiel lang dyn fokus fêsthâlde. Somtiden wurdst dêr wol in bytsje wurch fan", seit Rijpma-de Jong. "En dan tink ik ek fan: sa moat it gewoan wêze."
'Superbysûnder'
Al mei al kin Rijpma-de Jong weromsjen op in tige goed seizoen. "Tuerlik, ik woe hiel graach de Europeeske titel prolongearje. Dat is slagge. Wer op dat baarrekôrboerd. As iennige ûnder de 1.53. Dat is superbysûnder. En dan ek noch hjir dy titel pakke op it WK. Fantastysk."