Soep en zo bestiet 1 jier en dielt fergees sop út yn Frjentsjer: "Minsken ferbine"

Frijwilligersorganisaasje Soep en zo dielt alle wiken op snein fergees sop út. Dat dogge se oan minsken út alle hoeken fan de mienskip. De organisaasje bestiet in jier en fiert dat jubileum.
"Goeiedag mevrouw, wilt u linzensoep of vissoep?" Mei in polleppel yn de hân stiet frijwillichster Laura van Twillert efter twa grutte pannen sop. Foar har stiet in rige fan sa'n tweintich minsken dy't in kar meitsje moatte hokker sop se graach ha wolle. De rige begjint bûten en rint troch nei twa sealen.
In Oekraynske frou bestelt fisksop en nimt plak efter in lange tafel, dy't opmakke is. Foar har stiet bôle klear en ek kin sy bestek pakke. Yntusken begjint sy in petear mei har buorfrou.
Jubileum
"Dit is wat we willen," seit Van Twillert. "De mensen komen hier om een praatje te maken met elkaar en blijven zo bij de gemeenschap betrokken. We begonnen een jaar geleden met het idee om mensen te verbinden. Het is niet zo dat we soep uitdielen aan de armen of noem maar op. Wij doen het gewoon voor iedereen. Er komen hier vluchtelingen, maar ook studenten en arbeiders."

Van Twillert hâldt efkes op mei praten wannear't in man yn in blauwe jas by de tafel stiet dêr't hy bestelle kin. "Ik kom hjir alle sneinen mar it is hjir no wol hiel fleurich", seit de man laitsjend. Hy doelt op in artyst dy't yn de hoeke fan de seal foar it publyk sjongt. Oan it plafond hingje slingers yn ferskate kleuren.
Oare wrâld
"We wilden ons jubileum kracht bij zetten," seit Van Twillert wylst sy de reade eartesop ynskept dy't de man besteld hat. "We begonnen als een kleine organisatie maar ondertussen kunnen we dus bijna 70 a 80 mensen van soep voorzien. De ingrediënten krijgen we van onze sponsoren en daar zijn we hartstikke blij mee. Zonder hen waren we nergens. Persoonlijk ben ik heel trots dat we dit zo voor elkaar krijgen, maar ik hoop dat de mensen een mooie dag hebben. Dat is belangrijk."
"It sop smakket my poerbêst", seit de man dy't krekt in bakje krigen hat fan Van Twillert. "Ik kom hjir dus alle wiken en bin hiel bliid mei dit idee. Sa komme je altyd wer yn kontakt mei oare minsken en dat fyn ik wichtich. Dy flechtlingen mei ik altyd graach efkes mei prate. Je leare ek in hiel oare wrâld kennen. Mar ik sil no fluch trochite hear", laket de man wylst hy wer de leppel yn it sop set. "Want oars is myn sop kâld."