Antoinette Rijpma-de Jong foar it earst wrâldkampioene op de 1.500 meter

Antoinette Rijpma-de Jong is foar it earst yn har karriêre wrâldkampioen wurden op de 1.500 meter. De reedrydster fan Rottum ried op it WK ôfstannen yn Thialf 1.53,54.
It is foar it earst dat Rijpma-de Jong wrâldkampioen wurdt op de 1.500 meter. De Friezinne waard al wol trije kear wrâldkampioen op de ploege-efterfolging en yn 2021 wûn se de wrâldtitel op de 3.000 meter.
Rijpma-de Jong ried yn de foarlêste rit tsjin Ivanie Blondin. De Noarske Ragne Wiklund, de regearjend wrâldkampioene op dizze ôfstân, hie op dat stuit mei 1.54,30 de fluchste tiid. Rijpma-de Jong ried de hiele rit ûnder it skema fan de Noarske en joech dat ek yn de slotronde net mear fuort.
Yn de lêste rit koenen allinnich Marijke Groenewoud en Miho Takagi de Friezinne noch fan it goud ôfhâlde. Beiden joegen yn de lêste twa ronden lykwols te folle ta op it skema fan Rijpma-de Jong. Takagi waard noch wol tredde. Groenewoud waard fiifde. It sulver bleau dêrmei yn hannen fan Wiklund.
Ellia Smeding fan Harns, dy't útkomt foar Grut-Brittannië, wie op it goeie momint yn foarm. Mei 1.56,38 ried se flugger as ea. Dêrmei einige se úteinlik as alfde, as iennige dielnimster mei in persoanlik rekôr.
Utslach 1.500 meter
1. Antoinette Rijpma-de Jong (NED) | 1.53,54 |
2. Ragne Wiklund (NOA) | 1.54,30 |
3. Miho Takagi (JAP) | 1.54,39 |
4. Ivanie Blondin (KAN) | 1.54,71 |
5. Marijke Groenewoud (NED) | 1.55,10 |
11. Ellia Smeding (GBR) | 1.56,38 (PR) |