Pesterij kin fier gean, wit Sjouke Kuindersma, dy't it ferhaal fan syn soan dielde

Sjouke Kuindersma © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Peste is in probleem dat âlden holbrekken opsmyt. It makket fertriet en machteleazens los, wit ek Sjouke Kuindersma fan De Jouwer. Hy dielde it ferhaal fan syn no 16-jierrige soan, dy't ek narre waard, en krige in floed oan reaksjes.
Wat moatte je dwaan as je witte dat je bern slachtoffer is fan pestgedrach en bedriging? Sjouke Kuindersma syn soan waard eins al fan it momint dat hy op it pjutteboartersplak wie narre.
Argyfbyld © Shutterstock.com (Motortion Films)
De soan fan Sjouke is miskien net lykas eltsenien. As lyts jonkje waard hy der al faak troch pestkoppen útpikt. Neffens Kuindersma witte minsken, en dus ek bern, yn groepen hiel gau ien te finen dy't wat oars of wat swakker is. Sa ek Kuindersma syn soan, fan wa't de namme wol bekend is by de redaksje.

Wat langer wat slimmer

Troch de jierren hinne hat Kuindersma wol besocht wat oan de pesterij te dwaan. Mar syn soantsje woe dat net, benaud foar ferfelende gefolgen. Miskien dat it pesten slimmer wurde soe. Miskien die er it ek wol om my te beskermjen, jout Kuindersma oan.
In jonge dy't pest is (argyfbyld) © ANP
It narjen spile jierren. Fan de basisskoalle, nei de middelbere skoalle en fierder. De lêste twa jier waard it hieltyd slimmer, oant bedrigingen oan ta as hy ûnderweis nei skoalle wie. Der wat tsjin dwaan, útsein prate mei syn soan en 'm op judo dwaan om wat mear selsbetrouwen te jaan, slagge net echt. Oant de grins berikt wie.

Beroerd fan

"Yn de trein siet hy sa ticht mooglik by de doar fan de masinist en op it stasjon ferstoppe hy him bytiden om syn 'belagers' te ûntrinnen", seit Kuindersma. "Hy wie altyd mislik, woe hast net mear ite. Hy wie altyd bang en senuweftich."
It gie troch oant it op in gegeven stuit net mear gie. Syn soan belle him in pear wiken lyn, fan it stasjon ôf. "Kin heit my helpe? It kin net mear sa. Ik bin sa bang."

Fiskheak troch it ear

Fan doe ôf kaam Kuindersma yn petear mei syn soan. Hy tinkt dat er traumatisearre is troch al it narjen. It die bliken dat besocht wie in fiskheak troch it ear fan syn soan te stekken.
"Dan slaan de stoppen troch", fersuchtet Kuindersma. Heit sei syn soan ta om him te helpen. Mar hoe? Hy tocht der in pear dagen oer nei, naam in wurkdei frij en besleat mei de âlden fan de jonges te praten.

Prate, dêr begûn it mei

Hy is no bliid dat hy dy stap naam hat, al wie it dreech om it petear sûnder te folle emoasjes oan te gean. "It fertriet en de machteleazens is sa grut. Je bern is it meast kostbere yn je libben."
It ferhaal dwaan © Shutterstock.com (fizkes)
De earste besite wie hiel bysûnder. Der ûntstie in petear mei de heit fan de jonge en de jonge sels. Dy bea letter syn ekskuzen oan en der is sels in reedlik kontakt tusken de jonges út ûntstien. By de oare twa wie yn earste ynstânsje it dreger. Mar ek dêr kaam úteinlik in petear, mei as resultaat dat de pesterij foar no opholden is.
Kuindersma fûn it wichtich om net mei grutte ferwiten op de âlden ôf te stappen. "Hiel faak witte de âlden net dat harren bern peste, sy kinne der dan ek neat oan dwaan."
Narjen kin fier gean (argyfbyld) © Shutterstock.com (Ground Picture)
Kuindersma dielde syn ferhaal op Facebook. "Ik ga iets met jullie delen vandaag. Ik ben normaal niet iemand die zijn privé graag deelt maar ik moet wel", sa begûn Kuindersma syn berjocht.
"Waarom ik dit deel? Omdat ik wil dat er veel meer gedaan moet om pesten te stoppen", sa skreau hy. Syn soan libbe alle dagen yn eangst. As heit wolle je je bern beskermje. "Ik zal jullie op de hoogte houden van alle stappen die ik ga zetten", liet Kuindersma witte. "No fear", sa besleat hy syn berjocht.

Floed oan reaksjes

Kuindersma woe it ferhaal kwyt, mar hie net yn 'e gaten dat it sa'n flecht himme soe. Kuindersma krigen hûnderten reaksjes, syn ferhaal waard mear as tûzen kear dield.
Guon minsken skreaune ûnder it iepenbiere ferhaal, mar Kuindersma krige ek tsientallen ferhalen yn priveeberjochten binnen. It die bliken dat in soad minsken de situaasje werkenden en graach oer it pesten fan har bern of harsels fertelle woene.
Prate, dat helpt © Shutterstock.com (Motortion Films)
"It is echt in hiel grut probleem, dêr bin ik wol efter kaam. Minsken doare somtiden har ferhaal noch net te dielen. De grize giet je oer de grouwe as je dy ferhalen lêze."

It giet better

It pesten is no dus opholden, fertelt Kuindersma. Mei syn soan giet it stikken better. Hy is ûntspannen en laket wer. Heit is ferromme en bliuwt it yn 'e gaten hâlden. Hy is ree om wer yn aksje te kommen as it wer begjint.
Harkje nei Sjouke Kuindersma
Yn syn belibbing is it petear mei âlden oangean in goede wize om ta in earste oplossing te kommen. As dat net slagget, kinne je in folgjende stap nimme troch bygelyks kontakt te sykjen mei helpferlieners, oanjefte te dwaan of de skoalle yn te skeakeljen.
Kuindersma hat alle minsken tank sein dy't besjûgingen fan stipe en persoanlike ferhalen dielden. Hy hopet dat eltsenien dy't reagearre slachtoffers fan pestgedrach ek stipet yn de takomst.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere op de radio. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.