Hearrenfean hâldt punt oer oan doelpuntryk lykspul tsjin FC Twente

Milan van Ewijk © Orange Pictures
Sc Hearrenfean hat sneontejûn lykspile yn it earedivyzjeduel tsjin FC Twente. Yn de Grolsch Veste yn Enschede waard it yn in oantreklik duel 3-3.
Sûnder de blesseare spits Sydney van Hooijdonk en mei Osame Sahraoui op 'e bank begûn Hearrenfean oan it duel tsjin Twente. Ek keeper Andries Noppert, dy't troch bûnscoach Ronald Koeman opnaam waard yn de foarseleksje fan Oranje, siet noch net by de seleksje.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Bruma, Bochniewicz, Kaib; Olsson, Tahiri, Van Amersfoort; Nunnely, Karlsbakk, Colassin.
De wedstriid kaam muoisum op gong. Mees Hilgers iepene yn de 25e minút úteinlik de skoare mei in eigen doelpunt út in korner fan sc Hearrenfean: 0-1. Noch gjin twa minuten letter krige Twente in libbensgrutte kâns om wer gelyk te kommen, mar Sem Steijn skeat heech oer.
Yn de 34e minút waard it dan dochs 1-1 doe't Robin Pröpper út in korner fan Václav Cerný raak koppe koe. By dat kopduel mei Pröpper rekke Pawel Bochniewicz blessearre oan de holle. Dat wie slim genôch om net fierder te kinnen. Joost van Aken waard syn ferfanger.

Trije goals yn in kertier

Nei it skoft like it gau klear mei de aspiraasjes fan Hearrenfean. Yn de 48e minút kaam Manfred Ugalde each yn each mei doelman Xavier Mous. Ugalde wûn dat duel troch de bal foarby Mous te sjitten: 2-1. In pear minuten letter makke Cerný der ek noch 3-1 fan.
Hearrenfean moast doe oppasse dat it net tsjin in grutte nederlaach oanrinne soe, mar út it neat brocht Milan van Ewijk nei foarset fan Anass Tahiri op tige knappe wize de Friezen wer werom yn de wedstrid.

Van Amersfoort kin lykmeitsje

Yn de slotfaze krige Hearrenfean noch dé kâns op de lykmakker doe't Pelle van Amersfoort op oanjaan fan Van Ewijk allinnich noch mar doelman Lars Unnerstall foarby moast. Dat slagge lykwols net. Yn de njoggentichste minút waard it wol 3-3, doe't Rami Kaib, op 'e nij út in korner, de bal tsjin de touwen kopte.
Mei it lykspul stiet sc Hearrenfean mei 31 punten út 24 wedstriden op it tsiende plak yn de earedivyzje. It gat mei de plakken foar de play-offs om Europeesk fuotbal is no seis punten.