Ljouwerter bedriuw Acquaint ynspektearret troch hiele lân rioelen, mar net yn Fryslân

Acquaint-direkteur Driessen jout útlis oan Schippers, Fokkens en De Groot fan de VVD © Omrop Fryslân
It Ljouwerter bedriuw Acquaint groeit as koal. It bedriuw ynspektearret wetterliedingen en it rioel foar wetterskippen en wetterliedingbedriuwen. Dy kinne dêrtroch better sjen hokker liedingen oan ferfanging ta binne.
It bedriuw is merklieder yn Nederlân op dit terrein en wol no ek ynternasjonaal de swetten útlizze. It bedriuw docht dat net op eigen manneboet, mar siket dêr gearwurkingspartners foar yn lannen as Amearika en Frankryk.
VVD-politika Edith Schippers wie sneon op besite yn Ljouwert
By har reis lâns 'innovatieve bedrijven' kaam sneon VVD-politika Edith Schippers yn Ljouwert del yn it selskip fan de Fryske listlûker Avine Fokkens, Twadde Keamerlid Harry Bevers en wetterskipslistlûker Ids de Groot. "Oplossingen voor de uitdagingen van de toekomst worden bedacht door bedrijven als Acquaint en niet door de overheid. We moeten er daarom goed op letten dat de lasten voor bedrijven als deze niet omhoog gaan", sei Schippers by dy gelegenheid.
Schippers is foar har partij listlûker by de ferkiezings foar de Earste Keamer.

Wetterskip Fryslân

Acquaint hie noch wol in boadskip foar de liberale fertsjintwurdigers yn it bestjoer fan Wetterskip Fryslân. It Ljouwerter bedriuw wurket foar 14 fan de 21 Nederlânske wetterskippen, mar opfallend genôch noch net foar Wetterskip Fryslân. "We zijn wel met Wetterskip Fryslân in gesprek. We hopen echt dat daar dit jaar verandering in komt", sei direkteur Erik Driessen.
It tal meiwurkers fan Aquaint ferdûbele it ôfrûne jier fan 15 oant 30. "Dankzij Wetsus en de NHL hebben we genoeg hoger opgeleid personeel, maar monteurs en technici die voor ons op inspectie willen kunnen we goed gebruiken. Zij kunnen zich melden!", lit Driessen witte.