Nyck de Vries start yn Bachrein as foarlêste: "Hier ben ik niet tevreden mee"

Nyck de Vries © ANP
Nyck de Vries start syn earste race foar AlphaTauri fan de lêste startrige ôf. De Twellingeaster hat in dreech debútwykein. Hy wrakselet mei de auto en yn in ekstreem kompetityf fjild komt er der yn Bachrein net oan te pas. Lângenoat Max Verstappen begjint fan poleposition ôf.
Foarôfgeand oan de kwalifikaasje jout De Vries tsjinoer Viaplay ta foar it earst spanning te fielen. "Maar dat is goed, belangrijk én nodig. Want dan sta je echt aan." It is dúdlik dat hy der nocht oan hat, mar hy wit dat net om te setten yn in goeie rondetiid.
Syn tiid 1.32.121 is yn earste ynstânsje de stadichste fan allegear. Trochdat Pierre Gasly's diskwalifisearre wurdt fanwegen track limits (de Frânsman rydt te faak bûten de wite linen), start De Vries de race snein as njoggentjinde.

Teambaas te optimistysk

Dat is net wêr't er op hope hie. "Natuurlijk is het je doel om zo ver mogelijk voorin te kwalificeren. Op zich gingen mijn eerste twee runs best okay, maar bij de laatste ronde kon ik de stap niet maken", seit er fuort nei de kwalifikaasje tsjinoer Viaplay.
Franz Tost en Nyck de Vries © ANP
Wat in kontrast mei de frijwat optimistyske ferwachtings fan teambaas Franz Tost. De Eastenriker ferklearre by de test in soad fan de Nederlanner te ferwachtsjen. "Ik rekkenje derop dat hy elke race yn de punten einiget en dat hy him fan de earste race ôf kwalifisearret foar Q3 (wêryn't de rapste tsien in tiid sette )." Nei alle gedachten in manier om De Vries op skerp te setten, mar realistysk is it alderminst.

AlphaTauri wrakselet

Bachrein is in bysûnder sirkwy en seker net de maklikste op de kalinder. It sirkwy leit middenyn de woestyn wêrtroch't der in soad sân op it asfalt waait. De grip is dêrtroch frij leech mei in soad banneslitaazje as gefolch. It is in kombinaasje fan lange rjochte stikken en stadige bochten wêrtroch't it dreech wêze kin om in goede ôfstelling te finen. It is te sjen oan de AlphaTauri fan Nyck de Vries. Dy eaget ûnrêstich. De 28-jierrige ferliest it meast yn de twadde sektor, it bochtige diel, fan it sirkwy.

Stadiger as Yuki

Syn earste ronde is sântsienden stadiger as teamgenoat Yuki Tsunoda, dy't him úteinlik as fjirtjinde kwalifisearret. Wêrfan't er mar leafst seistsienden ynleveret yn it bochtige part. Hy ferbetteret him yn de rin fan de sesje wol, mar bliuwt tekoart kommen.
Iedere run maakte ik hier en daar wat kleine foutjes.
Autokoereur Nyck de Vries oer syn mislearre kwalifikaasje
"Bij mijn laatste ronde verloor ik de achterkant van de auto al uit bocht 1, waardoor mijn achterbanden nét niet warm genoeg waren. Uiteindelijk was ik dus niet snel genoeg om beter te kwalificeren."
Neffens de 28-jierrige is der net ien ding oan te wizen, dêr't it misgien is. "Het is een samenkomst van omstandigheden. Iedere run maakte ik hier en daar wat kleine foutjes. De tweede was het meest compleet, maar mijn bij mijn laatste reed ik al vanaf bocht 1 achter de feiten aan."

Net tefreden

Dat it fjild ekstreem kompetityf is, helpt him ek net. Tusken de nûmer 1 en lêst sit yn Q1 mar 1,1 sekonden. "We hadden wel verwacht dat het middenveld zo extreem dicht bij elkaar zou zitten. Dat houdt in dat je er makkelijk kan uitliggen of er bij kan zitten. Nu valt het kwartje de verkeerde kant op." Ta teloarstelling fan De Vries dy't him syn earste kwalifikaasje oars foarsteld hie. "Ik ben uiteraard niet tevreden."
Sirkwy fan Sakhir © ANP
In foardiel is dat de Twellingeaster it sirkwy yn Sakhir goed ken. Yn de Formule 2 racede hy hjir jierrenlang yn it foarprogramma fan de keningsklasse. Snein stiet er lang om let tusken de grutte jonges.

Bêst allinnich

"Hoe zal ik me voelen op de grid als ik aan mijn eerste volledige F1-seizoen begin? Weet je, als je eenmaal in de auto zit en de motor draait, ben je eigenlijk best alleen. Dan is het heel stil: dan is het alleen jij en de auto", aldus De Vries. "Dus ik denk niet dat het heel anders zal aanvoelen dan elke andere keer dat je op de grid staat te wachten. Eigenlijk is alleen de auto anders en dat zal niet veel anders voelen. Het is meer het hele circus eromheen dat een beetje anders aanvoelt. Ik heb al veel races verreden, dus in die zin is dit er 'gewoon' weer een."
De Vries is nettsjinsteande de teloarstellende kwalifikaasje hoopfol. Neffens him is de AlphaTauri rapper yn de race as oer ien ronde. "Onze long runs zijn relatief beter dus we gaan er morgen het beste van maken."