Lanlik 'Boekenweekgedicht' fan Tsead Bruinja foar it earst yn it Frysk

Tsead Bruinja © ANP
Tsead Bruinja hat dit jier it 'Boekenweekgedicht' skreaun. Syn gedicht 'Anders ben ik met jou' / 'Oars bin ik mei dy' is in primeur om't it boekewikegedicht foar it earst ek yn it Frysk ferskynt.
It is hjoed publisearre yn deiblêd Trouw en it wurdt ferspraat op 100.000 kaarten. Ek is de tekst printe op linnen tassen dy't boekhannels en biblioteken kado jouwe.
"It leafdesgedicht giet deroer datst dysels op 'e nij kennen learst troch de eagen fan in nije leafde." Hy skreau it earst yn it Frysk, syn memmetaal, en makke dêrnei sels de oersetting. Mei it tema fan de Boekewike, 'Ik ben alles', yn de holle hie er in sin en al baantsjelûkend yn it swimbad kaam doe de rest. "Yn in healeoere hie ik it gedicht klear."
Hy fynt it in moaie opstekker dat it ek yn it Frysk ferskynd is en krijt in soad positive reaksjes op it gedicht.
Dit is it Fryske gedicht:
oars bin ik mei dy
eigen bin ik dy net langer frjemd
omjûn ûntjûn opjûn troch dy
mei wa't it dik oan is
mei wa't ik troch it libben gean
mei wa't ik troch it libben moat
bin ik oars
oars bin ik mei dy
oars en neaken
eigen bin ik dy
ûntsifere besifere
opnaam dield
eigen
net langer frjemd
beam fiich en blêd
binne wy
bleat yn ús genedige feltsjes fan ljocht
strûpt troch hoechsto my
ik dy besjoch
op in swart bêd lykje ik wyt
yn in swart hok
kom ik los
bliuw ik net langer skraal en lyts
neaken bin ik
mei dy is ik
in oar nei
wa't ik sjen kin
Tsead Bruinja oer it gedicht dat er ek foardraacht
Yn de krante stiet ek in ynterview mei Bruinja. Hy reagearret ûnder oare op de opskuor oer Pim Lammers fan Easterwâlde. Dy soe it 'Kinderboekenweekgedicht' skriuwe, mar luts him werom nei deadsbedrigingen. "Dat dit de wereld is waarin we nu leven, ik vind het treurig. Al heeft het met literatuur niks te maken", seit Bruinja.
De lanlike Boekewike begjint 11 maart.
Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk. Hy debutearre yn 2000 yn it Frysk en yn 2003 yn it Nederlânsk. Hy wie fan 2019-2021 Dichter des Vaderlands. Dit jier sit er yn de sjuery fan de P.C. Hooftprijs. Hy sil in pear Fryske dichters ynbringe en ûnder de oandacht bringe fan de oare sjueryleden.