Douwe Amels pleatst him sûnder muoite foar de heechspringfinale fan it EK atletyk

Douwe Amels © Orange Pictures
Douwe Amels hat de finale berikt fan it ûnderdiel heechspringen op it EK atletyk yn Turkije. De heechspringer út Drachten sprong in hichte fan 2,19 meter en hearde dêrmei by de bêste acht.
Amels sprong yn ien kear 2,14 en 2,19 meter. Hy wie de iennige heechspringer dy't de 2,08 meter oersloech. Fan de santjin atleten koene der mar acht atleten oer de 2,19 meter springe. Der wiene mar trije oare atleten dy't hjir, lykas Amels, al by it earste besykjen yn slaggen.
Amels stiet snein yn de finale fan it EK heechspringen. De finale begjint om 17.05 oere Nederlânske tiid.