Wenning útbaarnd by 'tige grutte brân' yn Drachten

By in brân yn oan de Hooizolder yn Drachten is in wenning folslein yn de jiske lein. De brânwacht skaalde út foarsoarch op nei 'tige grutte brân' en fanwege de reekûntwikkeling waard der in NL-Alert ferstjoerd.
It fjoer ûntstie yn in skuorre en sloech oer nei in wenning dy't derneist lei. It isolaasjemateriaal fan it dak fleach dêrtroch ek yn de brân.
Troch it isolaasjemateriaal út de dakken fan de oare oanlizzende wenningen te ferwiderjen, koe de brânwacht foarkomme dat de brân him noch fierder útwreidzje koe.
Twa oanlizzende hûzen hawwe wol in protte reek- en wetterskea oprûn, mar it fjoer is net nei binnen gien.