Wurk oan de winkel foar team Nyck de Vries: "Heb vertrouwen dat we kunnen verbeteren"

De Formule 1 is wer begûn. Dat Max Verstappen mei Red Bull goede papieren hat foar in tredde wrâldtitel, is gjin ferrassing, mar hoe stiet it mei it middenfjild wêrfan't nijkommer Nyck de Vries diel útmakket?
Dat falt nei twa trainingen noch net mei wissichheid te sizzen, al is wol dúdlik dat Alpha Tauri op it stuit ûnderoan it fjild hinget. Tegearre mei Williams ferdielt it Italiaanske team de ûnderste fjouwer plakken. De Vries einiget de twadde training op P19, sa'n 1,7 sekonde achter Fernando Alonso dy't mei Aston Martin ferrast.
Ferhâldingen
Definitive antwurden oer de ferhâldingen fan de teams folgje nei de kwalifikaasje op sneon. Pas dan sil dúdlik wurde hoe't de teams prestearje as se mei it minimum oan brânstof ûnderweis binne. Foar no lykje Red Bull en Aston Martin de bêste papieren te hawwen.
En De Vries? Hy is produktyf en docht net folle ûnder foar syn teamgenoat, mar erkent dat it team der minder goed foar stiet as hope. Yn de earste training set er in sechstjinde tiid del dêr't er fjouwer tsienden stadiger mei is as Yuki Tsunoda. Ek yn de twadde training (19e) moat er syn meardere erkenne yn syn teamgenoat (18e), al is dy efterstân minimaal.
Ik denk dat het geen geheim is dat we verder naar achteren staan dan we wellicht gehoopt hadden.
"Ik ben oprecht tevreden over hoe de dag voor ons als team is verlopen, over de progressie die we iedere run hebben gemaakt en over wat we samen hebben geleerd. Maar ik denk dat het geen geheim is dat we verder naar achteren staan dan we wellicht gehoopt hadden", ferklearret hy tsjinoer Motorsport.
Hast in botsing
It wichtichste wat de debutant meinimt, is wer de nedige kilometers. Ek al giet it yn de twadde training net probleemleas. Healwei soarget de Alpha Tauri-koereur foar in gefaarlik momint yn de pitstrjitte. By it útkommen fan de pits knalt er hast tsjin Lando Norris op. De Vries hat gjin skuld, hy wurdt troch it team te betiid fuortstjoerd. Gelokkich bliuwt in tousjee mei de McLaren-koereur út.
Er is nog veel waar we als team aan moeten werken, maar ik heb vertrouwen dat we ons verder kunnen verbeteren.
Ek giet er efkes neist de baan trochdat er linksfoar blokkearret by bocht 9-10. In drege bochtekombinaasje, hielendal as de balâns net optimaal is. Foarôfgeand oan de training sei de Twellingeaster al dat dizze baan de auto net goed leit. "Dit circuit past niet helemaal bij het pakket dat wij momenteel hebben. Er is nog veel waar we als team aan moeten werken. Het middenveld zit bovendien enorm dicht bij elkaar. Ik heb er echter vertrouwen in dat we ons nog verder kunnen verbeteren."
Fergrutglês
Teamgenoat Yuki Tsunoda stelt dat AlphaTauri foaral wurkje moat oan de faasje yn stadige bochten. De Vries lit net it efterste fan syn tonge sjen. Net sa ferwûnderlik. Earder dizze wike fernaam er al dat alles wat er seit ûnder in fergrutglês lein wurdt. In ûnskuldige opmerking oer syn racepak dat hast net mear past, nei ien kear waskje en in winter hurd traine, wurdt troch bûtenlânske media ferkeard begrepen en opfette as krityk nei de leveransier fan it pak.
Wylst De Vries eins it punt meitsje woe dat hy no yn oare kondysje is as by syn ynfalrace yn Monza ferline jier. Dêr hie de 28-jierrige muoite om út de auto te kommen om't it fysyk in soad fan him frege hie. Nei in winter yntinsyf trainen seit er yn Bachrein goed taret oan de start te stean. "Ik voel me fysiek gezien goed en ben klaar voor deze eerste race van het jaar."