Fryslân Kiest: wa rêdt 'medaljefabryk' Thialf?

Silke Hijma © Omrop Fryslân
It duorret net lang mear: op 15 maart binne de Provinsjale Steateferkiezingen. Fiif Friezen fertelle harren grutste soargen en stelle harren fraach oan de polityk. Hjoed de brûkers fan Thialf. Sy ha noed oer it fuortbestean fan it iisstadion op It Hearrenfean.
Silke Hijma (19) is reedrydster by it talinteteam Gewest Fryslân, se is alle wiken sa'n fiif dagen yn Thialf te finen. "It hat net allinnich it bêste iis, mar ek de fasiliteiten. Tink oan de trainingsromte foar krêfttrainingen, warming-ups en fytsen."
Thialf is de belangrykste lokaasje foar it reedriden yn Nederlân. It stadion wurdt finansjeel foar in grut part ûnderholden troch de provinsje, elk jier sawat in heal miljoen euro. De fraach is dêrom hoe't it mei de takomst fan it iisstadion komt.
De provinsje is foar in grut diel eigener fan Thialf, mar de baan kostet in soad jild. Hoe sjocht de takomst derút?
Dat wit ek Douwe de Vries, âld-reedrider en op it stuit lid fan de atletekommisje fan it ynternasjonale reedrydbûn ISU. "It is no sawat de ein fan dit seizoen, mar we steane wêr't we begjin dit seizoen ek al stienen. De takomst sjocht der net goed út: dit wie miskien wol it lêste folsleine seizoen fan Thialf."
Topsporters út it hiele lân komme nei It Hearrenfean om dêr te trainen. De ploegen, reedrydbûn KNSB en de sporters ha de ôfrûne jierren sels bybetelle om de finansiering op peil te hâlden. Mar dat is gjin oplossing foar de lange termyn.

Gjin oare iisbaan fan dit nivo

"De atleten wolle graach goede fasiliteiten ha: in Thialf mei in topsportomjouwing, dêr't se yn de buert wenje. Dat wolle se sa hâlde." Want as Thialf tichtgiet, dan smyt dat ek in soad praktyske problemen op. "Dan moatte se in oare baan fine, dat is in hiele operaasje."
Mar dat is net it grutste probleem: "Der is op it stuit gjin iisbaan dy't op it nivo fan Thialf operearret. Dêr ha de sporters in soad soargen oer."
Douwe de Vries, âld-reedrider en no lid fan de atletekommisje fan de ISU © Omrop Fryslân
Ien fan de saken dy't jild kostet en dus faai stiet, is it simmeriis fan Thialf. Net elkenien yn de polityk fynt dat like belangryk. Hijma wol: "It simmeriis is hiel noflik. Dan ha je yn de simmer ek in perioade dat je je materiaal op it iis teste kinne. En je hoege dan noch net te prestearjen foar de wedstriden, dus dan hast echt de tiid om technysk oan de slach te gean."
Boppedat: yn de simmer traine de reedriders in soad yn de sinne en sitte se faak op de fyts. "Dêr binne je op in bepaald stuit wolris klear mei. Dan is it moai dat je it iis op kinne."
Se docht har ferhaal op it stuit dat de wrâldtoppers fan Team Reggeborgh op it iis steane. Dat is wêr't Hijma letter ek stean wol. "Je sjogge se riden en dan tinke je: dat soe ik ek wol wolle. We kinne der ek echt wat fan leare. It jout dy in soad drive."
Elkenien sjocht elkoar oan, mar gjinien helpt.
Douwe de Vries oer Thialf
De provinsje wol graach dat it Ryk meibetellet oan Thialf. Dy oprop begrypt De Vries wol. "Elkenien kin wol begripe hoe't de provinsje deryn stiet: de medaljes dy't hjir kweekt wurde, binne medaljes foar hiel Nederlân. Mar dat wurdt no betelle troch de ynwenners fan Fryslân. Dus ik snap wol dat de provinsje fynt dat de lanlike oerheid byspringe moat, mar it slagget se net om dat foarelkoar te krijen. Elkenien sjocht elkoar oan, mar gjinien helpt."
Syn oprop oan de provinsjale polityk: "Soargje foar strukturele help wêrmei't Thialf iepenbliuwe kin."

Wat fine de partijen?

De partij dy't fynt dat de provinsje minder oan de iisbaan útjaan moatte soe, is de SP. Dy fynt dat de provinsje de oandielen fan Thialf ferkeapje moatte soe, by foarkar oan de lanlike oerheid. De provinsje soe neffens de partij ynvestearje moatte yn breedtesport yn stee fan topsport. SP fynt ek dat Thialf breder brûkt en ferduorsume wurde moat, en kart it gebrûk fan simmeriis ôf.
Oare partijen beklamje just wol dat de provinsje har bêst dwaan moat om it iisstadion yn stân te hâlden of sizze der neat oer yn harren ferkiezingsprogramma. Wol jout bygelyks PVV oan dat it iisstadion net koste wat kost oerein hâlden wurde moat.
Sa stelt de PVV: "Thialf moet niet kunstmatig in leven worden gehouden door het herhaaldelijk aan het financiële infuus te leggen." De partij wol dat Thialf selsredsum wurdt, eventueel mei help fan private partijen.
Partijen as BBB en JA21 fine dat net en hammerje eksplisyt op it freegjen fan mear jild oan it Ryk. Sa seit BBB har ynsette te wollen foar strukturele stipe fan it Ryk "om het ijsstadion Thialf, het kloppend hart van het (top)schaatsen, open en financieel gezond te houden".
JA21 wol ek as provinsje "een steentje bijdragen". Hoe grut dat stientsje wêze moat, wurdt út it ferkiezingsprogramma net dúdlik.

Fryske sporten

D66 en FNP sjogge it belang fan Thialf foaral foar it ûnderhâlden fan de Fryske sporten as it riden en skoalleriden. CDA wol ek stypjen bliuwe, mar fynt dat der ek oandacht bliuwe moat foar de Elfstedenhal yn Ljouwert. Provinciaal Belang Fryslân ûnderstreket dat grutte sportive eveneminten wichtich binne foar Fryslân. Sa soe de topsport fan Thialf neffens harren soargje foar in goed fêstigingsklimaat.
Oare partijen sizze net eksplisyt wat oer Thialf yn harren programma's.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.