Drugsfynst en fiif oanhâldingen nei wylde efterfolging troch Ljouwert

In oanhâlding © Plysje
Fiif minsken binne juster yn Ljouwert oppakt fanwege drugskriminaliteit. Dat barde nei in wylde efterfolging en ferskate hússikingen yn de stêd.
Trije fertochten foelen op doe't se mei in auto op it Vliet te hurd rieden. De plysje woe de auto en de bestjoerder kontrolearje, mar dy ried gau fuort. Underweis sprong in passazjier út de auto en naaide út. Op syn flecht smiet er harddrugs en in telefoan fuort.
In plysjeman sette de efterfolging yn en koe de fertochte, in 22-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, oanhâlde.

Gefaarlike rit

Yntusken giene oare plysjes efter de auto oan. Nei in gefaarlike rit, in oanriding koe mar krekt foarkaam wurde, koe de auto oan de kant set wurde. De bestjoerder en in oare passazjier waarden oppakt. It giet om Ljouwerters fan 33 en 25 jier.
Nei de oanhâldingen is yn twa wenningen yn Ljouwert hússiking dien. Dêrby binne noch twa minsken oanhâlden, in 22-jierrige ynwenner fan de gemeente Venray en in 27-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. Yn de wenningen is ek speed, heroïne en kokaïne fûn, en in tal stekwapens en in stroomstjitwapen.
De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk.