Jonge muzikanten drok yn 't spier foar it Waadklank Solisten Festival

Imre de Beer © Omroep Zilt, Larissa Lokenberg
Oer trije wiken besykje tal fan jonge muzikanten út de gemeente Waadhoeke in priis te winnen op it Waadklank Solisten Festival. De 10-jierrige Imre de Beer oefenet fjouwer à fiif kear yn 'e wike.
Sy is twa jier lyn begûn mei it spyljen fan tromboane. "Ik vind het wel spannend, maar ik denk wel dat ik het goed ga doen", seit sy. Imre is fan doel 'De dans van de clown' te spyljen. Sy hat it net fan in frjemde, want har beide âlden spylje by Advendo Frjentsjer.
Mem Marjan de Beer is dêr ek foarsiter fan en sy hopet dat it Solisten Festival in ympuls jout oan de muzykferieningen yn de gemeente. Yn de coronatiid rûnen de ledetallen werom. It festival is in prachtkâns om op jonge leeftiid al te solearjen, tinkt De Beer. It Waadklank Solisten Festival is op 25 maart.