Jongerein Wergea keapet jeugdsoasgebou oer fan St. Martinustsjerke

De jeugdsoas SZDRNZLL sammele mear as twa ton yn foar de oankeap © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Mear as twa ton koste it, mar it is de jeugdsoas fan Wergea slagge harren lokaasje fan de tsjerke yn it doarp oer te keapjen.
Jeugdsosiëteit SZDRNZLL bestiet al mear as 50 jier en makke altyd gebrûk fan in gebou dat fan de katolike St. Martinustsjerke wie. Doe't dy tsjerke yn 2018 oergong nei de Sint-Fitusparochy yn Ljouwert woe dy eins ôf fan de jeugdsoas.
Jongelju yn it doarp fine it wichtich dat it gebou en de soas mei de keap foar it doarp behâlden bliuwe. It bestjoer fan SZDRNZLL moast flinkt ta de bûse om de keap mooglik te meitsjen.
It bedrach fan 238.187,52 euro is net allinnich foar de oankeap fan it gebou, mar ek foar de ferbouwing. It gebou wurdt hielendal ferboud. Op de boppeferdjipping krijt it in nije romte foar gearkomsten, ûnder wurdt in nije kroech makke. Ek komme der nije húskes.
Wêrom't de jeugdsoas fan Wergea de namme SZDRNZLL hat, is in grut mystearje. Sûnt 1970 bestiet it plak foar jongerein yn it doarp al, mar sels de oprjochters witte net wêrom't it gebou by de St. Martinustsjerke dy namme krigen hat. Feit is dat elkenien it útsprekt as 'Strienzl'.
It bestjoer fan SZDRNZLL hie noed oer de takomst fan de soas yn Wergea. "As wy it net kocht hienen en de soas wie yn finansjele problemen kaam, dan hie it miskien wol dien west", seit bestjoerslid Jan de Boer. De jongerein fynt it wichtich om in moetingsplak te hâlden. "De jonge jeugd hoecht no net nei Ljouwert, mar kin yn eigen doarp bliuwe."
Foar de simmer is úteinset mei de plannen foar de ferbouwing, de ôfrûne tiid is in begjin makke mei de bou fan in gearkomsteromte. Mei crowdfunding en in Europeeske subsydzje koe de oankeap betelle wurde.
Yn de hjerst fan 2023 moat de ferbouwing klear wêze.