Go Ahead Eagles lûkt koart pleit yn, mar direkteur is poerrazend: "Buma overduidelijk geen voetbalman"

Algemien direkteur Jan Willem van Dop fan Go Ahead Eagles © Orange Pictures
Go Ahead Eagles spant gjin koart pleit mear oan tsjin it beslút fan boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert om dit seizoen útsupporters te wegerjen by thúswedstriden fan SC Cambuur. Mar de direkteur is noch hieltyd poer.
Fuotbalklup Go Ahead Eagles hat dat "na uitvoerig overleg met meerdere juristen" besletten, sa falt te lêzen op de webside fan de klup út Deventer. It betsjut dat de ploech it snein tsjin Cambuur opnimme moat sûnder stipe fan de eigen supporters.
Boargemaster Buma besleat ferline wike om de rest fan it seizoen gjin supporters fan útspyljende ploegen ta te litten yn it Cambuurstadion. Dat die er nei oanlieding fan ûngeregeldheden nei de Fryske derby, op 19 febrewaris.

Van Dop poer op Buma: 'Kompetysjeferfalsking'

Algemien direkteur Jan Willem van Dop seit it tige spitich te finen dat Buma "overduidelijk geen voetbalman is." Hy fynt it wegerjen fan de tsjinstanner gjin doelmjittige oanpak, mar in generike maatregel dy't ûnskuldige supporters rekket.
Trochdat der útsupporters ûntbrekke wurdt Cambuur befoaroardiele, sa fynt Van Dop. De algemien direkteur neamt it sels kompetysjeferfalsking.
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert © ANP
"Overigens treft SC Cambuur zelf hierin geen blaam, want ook zij hadden liever gezien dat ze supporters van de bezoekende clubs hadden mogen ontvangen in hun stadion tijdens de resterende wedstrijden van het huidige Eredivisieseizoen", sa seit hy der wol by.
Buma sels joech oan it foar Cambuur 'vreselijk naar' te finen, mar wiist op it plysjerapport dat seit de feiligens net garandearje te kinnen. Ek rint de befeiliging hieltyd mear yn de papieren.
Hy naam it beslút nei de Fryske derby, wêrby't plysjeminsken en bussen bekûgele waarden en der fan alles fernield is. De ME moast sels yn aksje komme. It late ta tsientallen ferwûnen en tsientûzenen euro's skea.

Koart pleit kânsleas, wol in beswierproseduere

Van Dop sjocht gjin doel mear yn it oanspannen fan in koart pleit, want út petearen mei juristen hat bliken dien dat soks kânsleas is. De troffen klups Go Ahead Eagles, FC Emmen, Feyenoord, FC Utrecht en RKC Waalwijk begjinne wol in beswierproseduere, mar de útkomst dêrfan is net foar snein bekend.
Go Ahead Eagles hat de KNVB frege oft de wedstriid ek útsteld wurde kin, mar dêr wol it bûn net yn mei. It kin noch wiken duorje foar't der útslach folget yn de beswierproseduere.
Algemien direkteur Jan Willem van Dop fan Go Ahead Eagles © Orange Pictures
De klup wie al net bliid mei datum en tiid, ek al net mei it ferplichte mei de bus kommen fan útsupporters, mar dêr kaam dus it alhiele ferbod oerhinne.
Cambuur en Go Ahead Eagles spylje sneintejûn om 20.00 oere yn it Cambuurstadion tsjininoar. De direksje fan Go Ahead Eagles reizget snein ek net nei Ljouwert, út solidêrens mei de supporters. De supporters dy't al in kaart kocht hiene foar de wedstriid, krije wol har jild werom.
Guon fans fan Go Ahead Eagles joegen woansdei oan wol mei in bus nei Ljouwert te kommen, mar dan om yn de buert fan it stadion te demonstrearjen.