Twa fiskstreupers op 'e died betrape op de Hegemer Mar

De netten fan de fiskstreupers en ek de fisken binne yn beslach naam © NVWA
Op de Hegemer Mar binne twa fiskstreupers op 'e died betrape. Neffens de plysje giet it om twa ynwenners fan Fryslân. De fertochten binne oanhâlden.
De manlju waarden tiisdeitemoarn betiid betrape, doe't sy mei harren boatsje yllegaal útsette netten út it wetter hellen. It gie om yn totaal 200 meter saneamd steand want. Dat binne fêstsette netten dêr't de fisken sels yn swimme.
De plysje hat it boatsje fan de streupers, de netten en de fongen fisk yn beslach naam. Yn de netten sieten tsien snoekbearzen. Sân dêrfan libben noch en binne weromset yn it wetter.

Aksje tsjin fiskstreuperij

Mei tolve boaten holden de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA), de plysje, de Friese Uitvoeringsdienst Milieu en Omgeving (FUMO), It Fryske Gea, Sportvisserij Fryslân en de gemeente Súdwest-Fryslân moandei in mienskiplike aksje tsjin fiskstreuperij.
Dat smiet ynformaasje op dy't in dei letter late ta de oanhâlding fan de twa fiskstreupers.