Fryslân Kiest: wa beskermet de takomst fan de doarpshuzen?

Yn it doarpshûs yn Koudum wurde in soad aktiviteiten organisearre © Omrop Fryslân, Daphne Douwes
It duorret net lang mear: op 15 maart binne de Provinsjale Steateferkiezingen. Fiif Friezen fertelle harren grutste soargen en stelle harren fraach oan de polityk. Hjoed Durk Grouwstra, foarsitter fan it doarpshûs yn Koudum. Hy fertelt oer it belang fan Doarpswurk foar doarpshûs De Klink.
Ferline jier kundige de provinsje besunigingen oan op Doarpswurk, in stichting dy't doarpshuzen yn de provinsje stipet en advys jout. It plan is dat de finansjele stipe út de provinsje wei fan 2025 ôf ôfboud wurdt.
Nei in soad protest is it definitive beslút dêroer oer de ferkiezingen hinne tild, mar salang't it net fan de baan is, sitte de brûkers en bestjoeren fan doarpshuzen yn ûnwissichheid. Sy ha noed oer de takomst fan de stichting.
Yn it doarpshûs fan Koudum ha se noed oer de plannen om op Doarpswurk te besunigjen
Al tsien jier linedancet Teunie Venema op moandeitemoarn mei in groep froulju yn doarpshûs De Klink yn Koudum. It doarpshûs betsjut in soad foar de ynwenners fan it doarp en se binne der ek faak te finen. "It is hjir prachtich mei de mienskip. Wy hâlde derfan om mei-inoar wat te dwaan, dêr wurde we gewoan bliid fan."
De aktiviteiten wurde organisearre troch de frijwilligers fan it doarpshûs, dy't stipe wurde troch Doarpswurk. De stichting wurket oan it fersterkjen fan de leefberens fan de lokale mienskip. Doarpswurk set him yn om doarpsbelangen, doarpshuzen, inisjativen en leefberensprojekten yn goede banen te lieden.
It is foar ús frijwilligers gjin dwaan om dat allegearre sels by te hâlden, dêr hawwe wy echt Doarpswurk foar nedich.
Durk Grouwstra (foarsitter De Klink)
Neffens Durk Grouwstra, foarsitter fan it bestjoer fan De Klink, is Doarpswurk ûnmisber foar de frijwilligers: "Se helpe ús bygelyks mei de regeljouwing. It is foar ús frijwilligers gjin dwaan om dat allegearre sels by te hâlden, dêr hawwe wy echt Doarpswurk foar nedich."
De bestjoeren fan de doarpshuzen binne benammen benaud dat de kennis ferlern giet as de stipe ôfboud wurdt. "Se hawwe no de kennis, mar se binne ûnôfhinklik fan de polityk. As der aanst besunige wurdt, wêr komt it dan te lizzen? Wêr moatte wy as bestjoer aanst hinne? Dat makket it foar ús gewoan ferskriklik lestich."
Durk Grouwstra, foarsitter fan it bestjoer fan De Klink © Omrop Fryslân
Grouwstra jout oan dat it foar de frijwilligers lestich is de ballen yn de loft te hâlden as Doarpswurk der net mear is. Dêrom docht er in oprop oan de polityk: "Doarpswurk moat bliuwe. Lûk it foarstel foar de besunigingen yn en soargje derfoar dat der struktureel jild komt foar Doarpswurk, sadat sy én wy de kommende tsien jier foarút kinne."
De ynwenners fan Koudum hoopje ek dat it doarpshûs noch lang sa trochgean kin. "Foar ús is it doarpshûs hiel belangryk, dus de provinsje moat der goed om tinke", seit Venema.

Wat fine de partijen?

Provinsjale Steaten wienen it dus iens oer in besuniging op Doarpswurk, mar no lykje guon partijen fan miening feroare. Boppedat: der is noch gjin alternatyf foar Doarpswurk, dus fine in soad partijen dat de stipe oant dy tiid bliuwe moat.
CDA, GrienLinks, Provinciaal Belang, FNP, BVNL, CU, D66 en SP beneame Doarpswurk eksplisyt yn harren programma's. Allegear wolle sy dat de provinsje Doarpswurk finansierjen bliuwt.
Dat soe dus wol betsjutte dat der jild earne oars weikomme moat. De FNP tinkt dêrby oan it plan om grutte hurdfytswedstriden nei Fryslân ta te heljen. Dat hoecht om harren net sa nedich.

Alternativen

It hjoeddeiske kolleezje (CDA, PvdA, VVD, FNP) fynt dat der in nije netwurkstruktuer komme moat, mar dêr is oant no ta noch gjin konkreet plan foar.
BVNL fynt dat net handich, skriuwe sy: "Het feit dat tot op heden nog steeds niet duidelijk is hoe die (nieuwe) netwerkorganisatie eruit komt te zien en tegelijk gevreesd wordt dat hiermee de opgebouwde Doarpswurk-expertise verloren gaat, vereist actieve BVNL-actie."

Kennis behâlde

Om dy kennis en kunde te bewarjen, stelle FNP en D66 dêrom foar om Doarpswurk te kombinearjen mei oare maatskiplike organisaasjes. D66 wol mear gearwurking mei Keunstwurk, in advysorganisaasje op it mêd fan kultuer. FNP wol yn de kommende jierren sels nei in folsleine gearwurking, ek mei SportFryslân en Friesland Pop. ChristenUnie en SP neame dy opsje net, mar wolle wol bliuwende stipe foar Doarpswurk.
Oare partijen hawwe wol plannen om doarpen te helpen en stypjen, mar neame de organisaasje Doarpswurk net spesifyk.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.