Fersnippering driget yn Provinsjale Steaten: beslútfoarming wurdt dêrtroch fertrage

Hanneke Goede (SP) oan it wurd yn Provinsjale Steaten © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De nije Steaten krije mooglik fjirtjin partijen. Dat docht bliken út de peiling fan Ipsos en it programma EenVandaag. De BoerBurgerBeweging hat neffens de peiling kâns om de grutste te wurden, mei mooglik sân sitten.
Bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie yn Ljouwert is net alhiel ferrast: "Er is toch iets van een verschuiving tussen traditioneel het CDA als plattelandspartij naar BBB."
Polityk ferslachjouwer Andries Bakker en politikolooch Rieks Osinga oer de peiling foar de Steateferkiezingen
Mar net allinnich op it plattelân, seit Osinga. Ek yn Amsterdam kriget de partij foet oan de grûn. "Je ziet dat een nieuwkomer wel grote, meer traditionele groepen uit een partij zoals het CDA aanspreekt en daarmee electoraal succes kan boeken."
Ut sifers fan it Kieskompas, dat yntusken troch goed 32.000 Friezen ynfolle is, docht bliken dat de BBB de winst net allinnich hellet by minsken dy't twa jier lyn foar de Twadde Keamer noch op it CDA stimden. Ek in flink oandiel fan stimmers op de VVD, PVV, SP en FvD binne oerstapt.
Dyselde sifers litte ek sjen dat in hiel grut part fan de Friezen noch twivelet wêr't se op stimme moatte op 15 maart. De peiling fan Ipsos / EenVandaag is in momintopname fan de ôfrûne wiken en dus kin der noch in soad feroarje.
Wer't de minsken fan BBB om tinke moatte is it byinoar hâlden fan de partij. Oare partijen lykas de LPF yn it ferline en resintelik Forum voor Democratie slaggen dêr net yn. Osinga: "Mensen moeten zich realiseren dat zo'n partij een vereniging is. Mensen moeten aan de bak. Het opbouwen vergt tijd en aandacht. Je moet daar ook tijd voor hebben."
In ferkiezingswinst is dan ek net altyd it resept foar sukses, seit Osinga. "Er is al snel gedoe over mensen en over de koers van een partij in de vier jaar dat ze zitten. Dat is voor iedere partij die nieuw begint, een risico."

Fersnippere lânskip

Mei de útkomst fan de peiling yn de hân foarsjocht Osinga in swier fersnippere polityk lânskip. "Dat betekent wel dat mensen wat te kiezen hebben. Want als ik de peiling zo zie, dan zie ik behoorlijk wat partijen met tussen de vier en de zes zetels. Dat betekent dat je in een coalitie over links, rechts of door het midden kunt."
It neidiel is dat it ek dreger wurdt om besluten te nimmen. "De Friese methode is dat er vaak grotere meerderheden zijn dan de helft plus 1. Als je tussen meer partijen consensus moet krijgen duurt dat langer."
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen fan 15 maart op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.
De peiling hat ek in foutmarzje. Yn trochsneed giet dat om twa sitten de partij. In soad minsken beslisse ek pas yn de lêste wike of sels yn it stimhokje wat se stimme.
Osinga sjocht dan ek dat de echte kampanje no pas begjint: "De aftrap voor de campagnes was een paar weken geleden. De echte campagnes beginnen nu pas. Er zit nog beweging in. Maar zo'n peiling is wel een duidelijk signaal voor de partijen."