MCL yn Ljouwert iennige Fryske sikehûs dêr't oer twa wiken staakt wurdt

De yngong fan sikehûs MCL yn Ljouwert © ANP
Fan de Fryske sikehûzen docht allinnich it MCL yn Ljouwert oer twa wiken mei oan de lanlike staking fan sikehûsmeiwurkers. Dat meldt it fakbûn FNV.
It MCL is it iennichste Fryske sikehûs op in list fan 64 lokaasjes troch it hiele lân. Nij Smellinghe (Drachten), Tjongerschans (It Hearrenfean) en Antonius (Snits) steane der net tusken.
Sikehûsmeiwurkers fiere aksje foar in bettere cao. Se wolle in heger lean fan tsien prosint foar ien jier, plus hûndert euro. Ek moat de wurkdruk omleech en wolle de bûnen dat meiwurkers dy't mei it iepenbier ferfier reizgje alle reiskosten fergoede krije. De kilometerfergoeding moat ek omheech.
Personiel fan sikehûs MCL yn Ljouwert makket mei dizze tekst dúdlik dat se mear lean hawwe wolle © Omrop Fryslân
De aksjefierders wurkje op tongersdei 16 maart as wie it in snein. Dat betsjut dat allinne spoedeaskjende soarch trochgiet.

Gjin fertrouwen yn wurkjouwer

"We merken dat de boosheid onder medewerkers enorm is", seit FNV-bestjoerder Elise Merlijn. "Vooral het vertrouwen in de werkgever krijgt een flinke deuk. De medewerkers voelen zich in de kou gezet. Het enige dat wordt gevraagd, is behoud van koopkracht en verlagen van de werkdruk."
De stakingsdei begjint om 8.00 oere. Troch de dei hinne binne der ferskate aktiviteiten en taspraken fan fakbûnsbestjoerders en sikehûsmeiwurkers.