Dûnsskoalle noch hieltyd magneet foar Nynke van Duinen (75): "It is myn libben"

As dûnslearares heart se by it ynterieur fan Neushoorn yn Ljouwert, dêr't ek in seal nei har ferneamd is. En dat sil, as it oan Nynke van Duinen (75) leit, foarearst sa bliuwe. "Dûnsje is emoasje, teäter, in ferhaal fertelle mei it lichem. It is myn libben."
Doe't Nynke van Duinen as tweintichjierrige foar it earst op de balletskoalle yn Ljouwert kaam, wie se der net mear wei te slaan. Nei hiel wat jierren reedriden te hawwen, rûn se Tessa Wijdeveld tsjin it liif, dy't lykas Van Duinen balletdosinte wurde soe. Troch har rekke se foar altyd besmet mei it dûnsfirus.
"By myn earste balletles yn Ljouwert, wist ik fuortendaliks 'dit is it. Ik hoech net fierder te sykjen'. Ik gie dermei troch en naam letter ek lessen yn Amsterdam", fertelt Van Duinen.
"Ik woe nammentlik de papieren helje om lesjaan te kinnen. Dat koe dêr. Audysjes haw ik yn Amsterdam net dien. Dêr wie ik al wat te âld foar as tweintiger. Boppedat hie ik net it ferlet om yn teäterfoarstellings te spyljen."

Ferslingere oan Fryslân

De yn Brantgum opgroeide Van Duinen fielde ek nea oanstriid om yn Amsterdam te wenjen. Nettsjinsteande har leafde foar gruttere stêden.
"Ik ha in Oekraynske mem en dochter by my op les. Ik bin der wis fan dat as it wer kin, sy weromgean nei harren lân. Dat is harren thús. Dat fiel ik by Fryslân ek. Hjir lizze myn roots", seit Van Duinen, dy't hiel lokkich seit te wêzen mei it plak dêr't se no wennet. "Yn it âldste part fan Ljouwert by in park. Prachtich. "
Van Duinen kaam as balletlearares terjochte yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Dêr jout se les oan folwoeksenen, bern fan 6 oant 11, en 'de lossleine jeugd', fan 12 jier ôf.
"Mei de bern bin ik letter begûn. Dat is in fak apart. Bist dochs mei har lichems dwaande en faak kenne se har grinzen net. Wat der mei it lichem fan folwoeksenen bart, makket neat mear út, sis ik faak foar de grap tsjin dy groep."
Eartiids luts ik de famkes wolris oan it opbûne hier as se rjochtop sitte moasten. Want hâlding is alles. Tsjintwurdich moatte je dêrmei oppasse.
Nynke van Duinen, dûnslearares
Van Duinen jout oan dat der yn de lessen oan bern yn de rin fan de jierren wol it in oar feroare is. "Eartiids luts ik de famkes wolris oan it opbûne hier as se rjochtop sitte moasten. Want hâlding is alles. Tsjintwurdich moatte je dêrmei oppasse. Mar dêr besykje ik my net tefolle fan oan te lûken. Ik bin in amateur dy't it profesjoneel oanpakt. Ien dy't strang wêze kin, mar ek leaf is, en by wa't wille it belangrykste bliuwt."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Elkenien dy't op les sit by Van Duinen moat swarte klean oan hawwe. "Dat soarget by my foar in better oersjoch. Ik bin fisueel ynsteld. As ien read of blau oan hat, steurt my dat."

Talint werkenne

Talint seit Van Duinen fuortendaliks te werkennen. Neffens har sit him dat yn de wize fan bewegen, it trochsettingsfermogen en sels de wize fan deryn kommen.
De balletlearares seit it noflik te finen om de learlingen entûsjast te meitsjen foar it fak. "En rjochting te jaan. It is moai om guon trochferwize te meien nei de Jeugd Dans Opleiding Fryslân. Dêr kinne se harren fierder ûntwikkelje."
It hurdst kloppet har hert fan strjitteäter. "Ik hâld net fan dat nette, datst op toaniel sjochst. Boppedat kinst der by strjitteäter in prachtich ferhaal omhinne betinke", seit se.
De folwoeksenen drage hjirby altyd in masker. "Je sjogge dan dat se gekkere dingen doare te dwaan. It soarget foar feiligens en frijheid. En nettsjinsteande dy maskers sjogge je se strielen en harsels wêzen."

Namme boppe dûnsseal

Foar har fertsjinsten as dûnslearares is yn Neushoorn in seal nei har neamd. Dûnsseal 225 draacht is ynruile foar Nynke van Duinen en ek foarsjoen fan in plakette.
"Ik ha der altyd fan dreamd om myn eigen studio te hawwen. En no ha ik dy mei dizze romte. Wat wol ik noch mear?", seit Van Duinen, dy't fan doel is noch flink wat jierren troch te dûnsjen yn har seal. "Rekkenje mar. Foar my is it emoasje, teäter, in ferhaal fertelle mei it lichem. Ja, dûnsje is myn libben."

De top 4 fan Nynke van Duinen

Artyst Nûmer
Danny Vera Rollercoaster
Miss Montreal Hey Mam
The Tiger Lilly's The Cheapest Show
Die Twa Fûgels