Ite wat it seizoen bringt, dat is goed foar it miljeu en goed foar de beurs

By Joël van den Broek yn de kas is gjin ekstra enerzjy nedich © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Sûn ite wurdt mei de dei djoerder. Griente as brokkoly en blomkoal giene flink yn priis omheech. Mar eins binne dat ek gjin seizoensgrienten, dêrom sette hieltyd mear restaurants en kwekers yn op griente dy't by de tiid fan it jier heart.
No't de froast hast foarby is, binne de measte wintergrienten fan it lân. Op de tún fan túnkerij Yn 'e Sinne Farm by Jirnsum binne se al jierren dwaande mei it kweken yn de folle grûn, bûten en yn de kas. De saneamde 'kâlde tylt'.
It is net in nij konsept, fertelt túnker Joël van den Broek: "Fyftich jier lyn wie dat gewoan de standert, doe hiest gjin waarme kassen." Dus ek gjin komkommers of tomaten yn febrewaris. "Wy binne wat dat oanbelanget wol in bytsje bedoarn."
Der is noch in ferskaat oan seizoensgrienten te krijen © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Mar ek asto allinnich seizoensgrienten ite soest, hast in soad om út te kiezen. "Prei, koalen dy't noch yn de opslach lizze, ierappels, sipels en winterwoartels", sommet Van den Broek op.
Ite wat it seizoen bringt, dat is goed foar it miljeu en goed foar de beurs
Hy leveret al jierren oan biologysk restaurant Eindeloos yn Ljouwert, dat sa folle mooglik lokale yngrediïnten brûkt. Sjefkok Willem Schaafsma hat dat mei de brijleppel ynjûn krigen: "Ik bin soan fan in boer, by ús kamen de ierappels fan buorman, de slaad fan de oare buorman en it fleis kaam út ús eigen friezer."
Doe't hy 13 jier lyn begûn, hat hy in moanne yn Fryslân op syk west nei lokale leveransiers. "Lokaal hat altyd in hot item by ús west. Wy meitsje iten fan wat der is."
Sjefkok Willem Schaafsma wurket graach mei lokale seizoensgrienten © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Dochs hat Schaafsma ek te lijen fan de hegere prizen. Sa'n 80 persint komt út de omkriten, de oare 20 persint út it bûtenlân. "Dêr kinst net omhinne, wy brûke ek avokado en truffel."
De hjoeddeiske situaasje sjocht hy wol as in warskôging. "Wy moatte goed op ús boeren passe. Sjochst no dat as we alles út eigen lân helje wolle, it dan wol krap wurdt."

In tip foar yn de supermerk

Fierder hat hy noch in tip foar yn de supermerk: "Guon keapje produkten dy't al foarsnien binne. Mar asto it keapest sa't it fan it lân komt, kinst samar in euro besparje. Dus sels prei snije en de ierappels skile."